Oebele Vries giet yn op de libbensrin en de tinkwrâld fan Jan Bartele yn boek ‘In Ekstremist út Westergeast’

Oebele Vries.

Oebele Vries. Foto: JACOB VAN ESSEN

Fiif hintsjes trippelje oer of by syn broek as Jan Bartele Vries sittend yn it gers, mei de strik foar en de hoed op, foar it pikehok in sjekje draait. Syn heit sit njonken him rêstich nei ien fan de hintsjes te sjen, mei de piip oan.
Lees meer over
Nieuwe Dockumer Courant

In moaiere foto foar de omslach fan it boek ‘In Ekstremist út Westergeast’ fan Oebele Vries oer in eigen fier en frjemd famyljelid kin amper foarsteld wurde. Ien foto seit hjir mear as tûzen wurden. Hy hat in aparten-ien west, mar is nea fan wandieden beskuldige.