Recensie | Inkele Reis De Fryske Krite De Jouwer

Inkele reis. Foto Gerrit Waterlander

Inkele reis. Foto Gerrit Waterlander

De Krite hat foar de hjerstútfiering fan dit jier keazen foar “Enkele reis” fan Lex Passchier yn de oersetting fan Gurbe Dijkstra.
Lees meer over
Jouster Courant

Wol wer in oerset stik. De grutste amateurferienning fan Fryslân (wurden fan De Krite sels) soe doch mear dwaan moatte foar it oarspronklik Fryske wurk. It kin doch net wier wêze – is it perfoarst ek net! – dat der yn Fryslân gjin goed toaniel skreaun wurdt. Mar as dêr gjin gebrûk fan makke wurdt dan sil de animo fan de toanielskriuwers om harren oan it Frysk te weagjen net grutter wurde. Dêr komt noch by, dat de taal der ek net mei tsjinne wurdt. Sels de betûfte oersetter Gurbe Dijkstra ûntkomt net oan it brûken fan hollânismen en it meitsjen fan lytse flaters. Net sa’n grut probleem fansels, want yn it sprutsen Frysk falt dat der stroffele wurdt oer as en at (hast) gjinien op. Fanmiddei (fan ‘e middei), froeger (eartiids), yn sekere sin (min ofte mear) binne in pear foarbylden fan minder geef Frysk.