Monoloog over trots en schaamte

Tamara Schoppert als bingoleidster Tine.

Tamara Schoppert als bingoleidster Tine.

Tryater spilet de foarstelling BINGO! op 22 maart om 19.30 oere yn De Rank yn Frjentsjer.
Lees meer over
Franeker Courant

Fan ein jannewaris ôf bringt Tryater de Frysktalige ferzje fan BINGO!, in solo fan Tamara Schoppert oer earmoed en iensumheid. It stik spile begjin dit seizoen koart yn it Nederlânsk. De troch Herman van Wijdeven skreaune tekst is troch Schoppert sels oerset.

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt ferstoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts de suterige omstannichheden fan hoe’t har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar deiljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS) troch Ploech en eide, it teaterkollektyf fan ûnder mear Tamara Schoppert. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt.

De foarstelling yn De Rank is Frysktalich en wurdt oanbean troch de Protestantse Gemeente Franeker. De tagong is fergees, mar reservearje is ferplichte yn ferbân mei beheinde kapasiteit. Ynfo/opjefte kin oant moandei 20 maart fia kerkelijkbureau@kpn-franeker.nl of 0517-3933200. It tsjerklik buro is moarns berikber fan moandei o/m freed fan 8.00 oere oant 12.00 oere. Wolle jo gebrûk meitsje fan in rolstoelplak, jou dat dan oan by de reservearring.