Dorpskrant Wommels wint maar liefst drie prijzen met Friestalige artikelen

Enkele van de meest recente covers van dorpskrant Diggelfjoer uit Wommels. Screenshot vanaf wommels.nl
Omdat het om een Friestalige artikelenwedstrijd gaat, is het juryrapport uiteraard in het Fries. Het verhaal achter de zevende keer dat deze wedstrijd is gehouden, luidt als volgt:
De sjuery fan ‘It bêste Frysktalige redaksjestik fan Súdwest-Fryslân’ kiest altyd in earste, twadde en tredde priis út anonimisearre teksten. Mar no bestie harren top 3 folslein út teksten fan Diggelfjoer Wommels. It is de sande kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat.
Uus likje wraald kaam mei in artikel yn it Hylpersk
De redaksjes mochten no ek teksten yn it Hylpersk en Stedsk ynstjoere. ,,Spitigernôch hawwe wy gjin teksten yn it Stedsk krigen. Mar de redaksje fan Uus likje wraald kaam wol mei in artikel yn it Hylpersk”, fertelt wethâlder Van den Akker. ,,Hoe moai is it dat sy yn it Hylpersk skriuwe! Sy binne wiere ambassadeurs fan ’e streektaal.”
It oantal ynstjoeringen lei dit jier relatyf leech: sân artikels. ,,Ik hoopje dat mear redaksjes fan ’e doarps-, steds- en wykkranten dit jier wer teksten ynstjoere sille. Want wat soe it moai wêze as mear redaksjeleden yn harren memmetaal skriuwe soene. Oft dat no it Frysk, it Hylpersk of it Stedsk is.
Elkenien mei grutsk wêze op syn of har eigen taal”, seit de wethâlder. Njonken Thys Wadman út Koudum bestie de sjuery út Tiete Sijens dy’t by Omrop Fryslân wurket en FNP-riedslid Jikkie Ruiter.