Der is altyd ien dy't oan de poaten saget

Tusken minsken dy't mei elkoar om in tafel sitte, bart wat bysûnders. Dat is it útgongspunt van De Tafel fan keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. Nei in tocht, dy't goed tweintich jier duorre hat, is it meubelstik lang om let te plak.

Der is altyd ien dy't oan de poaten saget

Der is altyd ien dy't oan de poaten saget

In kalinder is it wurden en dêr liket it oantal fan tolve skilderijen fan Gerrit Terpstra en tolve gedichten fan Eppie Dam ek foar makke. De wurklikheid is justjes oars. As it oan de beide manlju lein hie, wie De tafel útjûn as in gewoan boek. Gjin útjouwer lykwols dy't dêr wat yn seach. In kalinder wie foar útjouwerij De Ryp fan de Gerben Rypmastichting kommersjeel wol sa oantreklik en dus waard it in keunstkalinder, foarmjûn troch Terpstra.

Nieuws

menu