Wervelwind | kollum Pieter de Groot

Yn in hieltyd lytser wurdende rûnte fan âlde kunde dy’t mei oan de widze stien hawwe fan de Friese Pers Boekerij silger neitins, kaam ier of let de fraach: heart ien fan jim noch wolris wat fan Martin Hopman?

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. Foto: LC

De man nammers dy’t, sa waard der destiids oer him skreaun, ‘als een wervelwind het wereldje van de Friese literatuur binnenstormde’ en it Fryske boek, dat by hieltyd minder útjouwers ûnderdak fine koe, wer yn in feilige haven brocht.