Te Gast: Waadhoeke jout ûngelikense rjochten

2017: Waadhoeke presintearret personiel en ridend materieel fan de bûtentsjinst. Foto argyf LC

Op 1 jannewaris 2018 fûn de fúzje plak tusken de gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel, it Bilt en in part fan Littenseradiel ta de nije gemeente Waadhoeke.

Yn it ramt fan in weryndieling heart de nije fúzjegemeente op grûn fan de Wet Arhi (Wet Algemene Regels Herindeling) alle regelingen fan de eardere gearstallende gemeenten binnen sa’n twa jier te harmonisearjen, sadat binnen de nije bestjoersienheid alle ynwenners deselde rjochten hawwe. Dizze harmonisaasje hat de gemeente Waadhoeke noch net trochfierd op it mêd fan de plaknammen.

De eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel hawwe okkerjiers harren plaknammen offisjeel ferfryske. De Fryske nammen waarden fêstlein yn de GBA (Gemeentlike Basis Administraasje) en BAG (Basisregistraasje Adressen en Gebouwen), wat betsjutte dat men binnen dy gemeenten tenei yn de kommunikaasje mei de oerheid (bygelyks nei de belestingtsjinst en rjochtbank) de Fryske nammen brûke mocht, dus ek binnen de Nederlânske kontekst.

Ek de plaknammebuorden koene ôflieden dêrfan ferfryske wurde. It is spitigernôch net mooglik plaknammen twatalich te registrearjen, sadat de Nederlânske en Fryske namme fan in doarp of stêd lykweardich binne.

Yn in brief fan 17 desimber 2016 haw ik by de gemeente Frjentsjerteradiel foarôfgeand oan de weryndieling al pleite foar it harmonisearjen fan de plaknammen. De gemeente andere dêrop dat men net fan doel wie de skriuwwize fan plaknammen te feroarjen, de besteande nammen soene hanthavene wurde. Ik wie it dêrmei net iens, mar haw om yn berop te gean wachte oant de nije gemeenteried en de nije boargemaster fan Waadhoeke ynstallearre wêze soene.

Omdat Waadhoeke net oergie ta harmonisaasje fan de plaknammen, ûntstie dus de paradoksale situaasje dat ynwenners fan de eardere gemeente Menameradiel en Littenseradiel de Fryske nammen wol brûke meie, mar ik en mei my alle ynwenners fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel net. Der is dus sprake fan rjochtsûngelikensens tusken bewenners fan de gemeente Waadhoeke.

'Wy beskôgje dizze saak as in proefproses, dat konsekwinsjes hat'

Begjin 2019 hat der in petear plakfûn mei de wethâlder, mar dat late net ta oanpassingen fan it belied. Om’t ik (en mei my de Topografyske Wurkgroep Fryslân, TWF) fan miening bin dat soks stridich is mei de Wet Arhi haw ik yn in brief fan 20 maart 2019 in berop dien op de gemeente Waadhoeke om wol oer te gean ta harmonisaasje fan de plaknammen binnen de gemeente.

Sûnt 1 maart 1998 jildt dat it Nederlânsk regear ynstimt mei it Europeeske Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen om it brûken fan de tradisjonele foarmen fan plaknammen yn it Frysk ta te stean en/of oan te moedigjen. Spitigernôch hawwe Bilkerts dizze wetlike rjochten net en kinne se dêr dus gjin berop op dwaan om de Biltske nammen offisjeel binnen Waadhoeke brûke te kinnen.

Opmurken moat noch wurde dat de yn 2014 yn wurking treden Wet Gebruik Friese Taal gelikense rjochten foar it Nederlânsk en it Frysk yn Fryslân garandearret. Dit is befêstige yn 2017 yn de Bestjoerlike Oerienkomst Frysk Taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en ek yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke.

Op 13 juny 2019 hat de gemeenteried dochs besletten myn foarstel ôf te wizen, allinnich de FNP wie foar. Yn in brief fan 2 july 2019 andere de gemeente op myn brief fan 20 maart 2019 dat de gemeente Waadhoeke net oergean soe ta harmonisaasje fan plaknammen. Dit brief giet nammers helendal net yn op it riedsbeslút fan 13 juny 2019.

Tsjin it beslút fan de gemeente haw ik op 19 july 2019 beswier oantekene. Hast trije moannen letter, pas op 11 oktober 2019, waard de beslissing troch de gemeente oan my bekendmakke: it beswier waard net ûntfanklik ferklearre op basis fan it advys fan de kommisje foar beswierskriften, dat it ,,gaat om een intern besluit, niet op enig (extern) rechtgevolg gericht”.

Hjir bin ik it út noch yn net mei iens, ik fiel my as ynwenner fan Waadhoeke diskriminearre. Ik bin dêrom yn berop gien tsjin dit beslút by de bestjoersrjochter fan de Rjochtbank Noard-Nederlân.

De TWF en ik beskôgje dizze saak as in proefproses, dat konsekwinsjes hawwe kin foar soartgelikense kwestjes yn de takomst. Dêrom rop ik (en mei my de TWF) eltsenien op nei de rjochtsaak te kommen, dy’t hooplik yn Ljouwert plakfine sil. In datum is no noch net bekend.

Jehannes Elzinga is ynwenner fan Frjentsjer .

Nieuws

menu