Stimulearje preventive maatregels tsjin de wolf | opiny

'In lobby om mear jild sil op koarte termyn mear úthelje as in lobby foar feroaring fan de status fan de wolf.' FOTO RENS HOOYENGA

De lêste wiken reint it plaatsjes fan deade en oanfretten skiep, benammen yn it suden en easten fan ús provinsje. In aaklik byld en foar de skieppehâlders in minne dream dy’t hieltyd faker realiteit is. De oorsaak? In Europeesk slim beskerme bist, de wolf.

Nei 150 jier is de wolf ek werom yn Fryslân. Mei in fêststeld territorium op de grins fan Drinte en Fryslân libje al in skoft twa wolven. Dit jier is de kâns op rûdelfoarming grut.

Mei de komst fan de wolf en de deade skiep nimt ek yn Fryslân de diskusje wer ta. Guon wolle in stek om Fryslân, in oar wol sjitte en wer oare partijen hjitte de wolf wolkom. De diskusje ferhurdet ek. Guon prate oer wolvefans en oaren oer -haters. Wa’t nei Dútslân sjocht wit dat wy hjir yn Fryslân noch mar oan it begjin steane fan in diskusje dy’t mooglik mear en mear polarisearje sil.

Heechste beskerming

Wa’t mear feitlik nei de situaasje sjocht, wit dat de wolf Europeesk de heechste beskerming hat. Resinte ynspanningen yn it Europeesk parlemint om dat te feroarjen binne oant no ta gjin sukses. It politike proses is tige taai. Pas by in fêststeld probleemgefal, in saneamde probleemwolf, kin yn it uterste gefal in wolf fuortsketten wurde. Resinte gefallen yn Dútslân hawwe sjen litten dat in rjochter dêr net gau yn mei gean sil. Meastentiids lei de rjochter in ferbod op om te sjitten.

Yn dit gefal hat de Provinsje Fryslân sels gjin inkelde mooglikheid om hjir wat oan te dwaan. Dat is in boadskip dat net elkenien hearre wol. Feitlik kin de provinsje neat oars dwaan as it stimulearjen fan preventive maatregels foar feehâlders. Koartlyn makke de Provinsje bekend dat sy foarearst in 350.000 euro útlûkt. Der komt in konsulint foar ynformaasje en feehâlders kinne subsydsje krije foar nachtfakken en wolfwerende maatregels.

Dat freget ek wat fan de feehâlder. Nei 150 jier is der wer in toppredator neist de minsk yn it lân. De oare kant is dat wy 150 jier lang de lúkse hân hawwe dat it fee relatyf feilich bûtendoar stean koe.

Feehâlder yn 'e mjitte komme

Wy hoopje dat wy it petear mei inoar oan gean kinne op basis fan feiten. De FNP-fraksje hat him ta it uterste ynspand om de subsydzjeregeling fan de grûn te krijen, ús iennichste foech, en wy binne ek wiis mei de stap fan it Fryske kolleezje.

It soe goed wêze dat lanlik ek de diskusje fierd wurde soe oer in regeling foar de kosten fan de ekstra arbeid. Mooglik lizze hjir ek binnen it GLB (Europeeske lânboubeleid) kânsen.

In lobby om mear jild sil op koarte termyn mear úthelje as in lobby foar feroaring fan de status fan de wolf. Oant dy tiid kin de Provinsje net oars as de skieppe- en feehâlder yn ’e mjitte komme.

Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje

Wopke Veenstra, wurdfierder lânbou en natuer FNP Steatefraksje

Nieuws

menu