Slow opinion

Stadichoan rôlje wy op de fakânsjes ta, de stress begjint al. Wêr kinne wy hinne, wat mei al, wat mei net?

Fedde Dijkstra.

Fedde Dijkstra. FOTO ANNET EVELEENS

De beheiningen meitsje op foarhân elk reisdoel ta in twadde kar. Dan is it miskien net ferkeard en hâld fêst oan it earste idee fan fakânsje: efkes kalm oan, de gong derút. Bekomme, loslitte. Ek wol neamd: rekreaasje.

De gong mei der maatskiplik wat út wêze, wy jouwe ús der net by del. Wat minder wy fan it stee kinne, wat hurder ús opfettings en mienings de wrâld yn fleane. Fysyk moatte wy dan miskien oardel meter ôfstân hâlde, ferbaal sitte we elkoar mear as ea op ’e hûd. Der kin net in tegel troch in beamwoartel in heale sintimeter omheech wrotten wurde, of it hiele lân en de hiele wrâld falt der oerhinne.

Want gelokkich ha wy tsjinwurdich sosjale media. Dy stelle ús by steat om ús miening, al is dy noch yn de embryonale faze fan in opstiging, fuortendaliks de wrâld yn te slingerjen. Soms noch al troch de staveringscheck helle, mar leaver net, want dat kostet tiid. Dizze snelle en ûnkontrolearre publikaasje fan ús opfetting beskôgje wy as de demokratisearring fan de media. Elke miening, ryp of grien, fynt fuortdaliks in publyk. Wat is der moaier?

Ferbaal sitte wy elkoar mear as ea op ’e hûd

No, efkes de tiid nimme, dat is moaier. Snelheid makket nammentlik al gau slachtoffers. Wy lykje yn in ivichduorjende kettingbotsing bedarre. En ús lieders remje ús net ôf, mar dogge it ús foar. Se oerlizze mei appkes, se beslute by tweet. Nearne net om, mar dêr komme ûngelokken fan. Foarbylden by de rûs.

Nim de John Wayne fan it frije Westen, Donald Trump. Earst sjitte, dan prate, like syn adagium, mar leaver noch allinne sjitte. Wa’t omlein is, hat ek gjin werwurd mear. Twitterje en deryn fege, dat is syn styl. De man dy’t himsels ea de Hemingway fan de 140 tekens neamde, liket te regearjen oan de hân fan primêre opstigings.

Your mind is on vacation but your mouth is doing overtime, song Mose Allison. Foar dy rappe mûle binne de twitterfingers yn it plak kaam. De sosjale media bringe geregeld de minst sosjale kant fan de minske boppe. Feilich efter it toetseboerd rattelt elk syn agresje fan him ôf, as in skellende automobilist efter it stjoer.

Yn stee fan ús longen hie it firus better ús toetsfingers oantaaste kind. Sadat wy elkoar de wierheid net ta-appe kinne, mar echt mei elkoar yn petear moatte. Faaks is dat it bêste fakânsjedoel. It tempo wat nei ûnderen, tuike-tuike, ek yn de kommunikaasje. Net allinne fysyk mar ek mentaal in bytsje romte jaan. Earst tinke, dan prate, net oarsom. Sadat der tusken de sinnen ek romte komt foar refleksje of foar in werwurd.

Tiid om te harkjen, miskien sels tiid om te lêzen – je doarre der hast net oan te tinken wat der dan barre kin. Wa wit docht wol bliken dat mieningen feroarje kinne. Stikem woene je dat in nije generaasje ús nei slow coffee en slow food ek op it spoar set fan slow opinion en slow communication. Wa wit is dat konstante lûd dat my troch de kop spûket net gewoan tinnitus, mar hiel wat oars. Paul Simon makke der yndertiid in prachtige songtekst oer, foar komponist Philip Glass. Oer in sêft ûndefiniearber mmmmmmmm-lûd, dat er net thúsbringe kin. In kuolkast yn ’e nacht, stimmen fan fierren, in mantra? ‘Maybe it’s the hum of changing opinion...’

fedde.dijkstra@lc.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie
Column