Skoof en skande | kollum Dwers
Dizze krante hat alle dagen in hoekje mei opmerklik nijs fan lang ferlyn, eartiids 100 jier ferlyn, letter 50 jier ferlyn en op ‘t heden 25 jier ferlyn. Dat liket as de dei fan juster.

Pieter de Groot. Foto: LC
Foar fjirtjin dagen foel myn each op it berjocht ‘Friese conversatieles wethouders’. Doetiids wethâlder foar kultuer fan Ljouwert Arno Brok hie him by de Afûk foar dy les opjûn: ,,Ik wil ‘en public’ Fries kunnen spreken.’‘ Doe’t er der op it stedhûs oer fertelde, wiene trije kollega’s daliks ree syn foarbyld te folgjen en sa kaam Afûk-lesjouster Martsje Miedema om ‘e fjirtjin dagen del om mei Brok, Hermien de Haan, Peter den Oudsten en Harm Brinks in oerke foar de kolleezjegearkomste in mûltsje Frysk te praten.