Opiny: Underwiis kin en sil it Frysk net rêde

Fan de mear as seistûzen talen dy’t yn it gebou fan Lân fan Taal op de blokjes steane, sil de helte de kommende ieu ferdwine.

Fan de mear as seistûzen talen dy’t yn it gebou fan Lân fan Taal op de blokjes steane, sil de helte de kommende ieu ferdwine.

Oeral wrakselje lytse talen om te oerlibjen. Wetjouwing en ûnderwiis binne fan belang, mar it giet ek om de kommunikative en ekonomyske wearde fan in taal. Dêrom moat de sichtberens en ‘keapkrêft’ fan it Frysk fersterke wurde.

Doe’t ik ferline wike tongersdei thúskaam fan de konferinsje yn Thialf, haw ik ‘It is mei sizzen net te dwaan’, Rapport Taalplan Frysk, fan Walsweer en Varkevisser op de skeal lein. It weaget 1388 gram en jout in wiidweidich oersjoch fan it Frysk yn it ûnderwiis. Gearfetsjend komt it neffens de Ljouwerter Krante fan 21 septimber del op: ,,Driekwart van basisscholen heeft Friese les niet op orde”.