Mear yl op de fûst foar heechlearaar Frysk | opiny

'Ik bin bang dat krekt troch te pressen de provinsje har eigen posysje earder swakker makke hat as sterker.' FOTO CORNÉ SPARIDAENS

Pieter de Groot syn kollum oer de kwestje fan it Frysk yn de Twadde Keamer (LC 9 desimber) haw ik mei ynstimming lêzen. Yn deselde krante stie ek in moai ferslach troch Ton van der Laan oer de Fryske pommeranten dy’t op 8 desimber nei De Haach ôfset wiene om op dy dei it parlemintêre Frysk oan te hearren en dy’t optein joecheiend op de tribune sieten. De Groot utere syn twivels.

Ik bin it mei De Groot iens dat it mei te sizzen noch net dien is. Sa lang at de parlemintêre wil net ta utering komt yn hechte, en detail fêstleine bestjoersôfspraken en oare besluten, giet it hjir om spegeltsjes en kraaltsjes en bliuwe de achterkeamerkes it plak dêr’t yn stille ûnderhannelings publike tasizzingen like maklik wer ynlutsen wurde kinne.

De Groot hie it yn syn kollum lykwols noch skerper opskriuwe kind as er de Grinzer Universiteitskrant fan twa dagen earder lêzen hie. Nei oanlieding van Sietske Poepjes har tasizzing dat der foar de krysttiid in nije heechlearaar wêze kinne woe, stiene dêr yn in ferslach oer de learstoelûnderhannelings de folgjende sinnen:

‘We gaan nu dus ook onderzoeken hoe we die samenwerking verder vorm kunnen geven’, zegt (parsefoarljochter fan de RUG - GJ) Hulshof. ‘Daarnaast zal er ook een post-doc aangetrokken worden om het onderdeel onderzoek te versterken.’ Of er voor kerst ook een nieuwe hoogleraar zal zijn? ‘Ik snap de hoop en dit is zeker niet de gewenste situatie. Maar wij verwachten niet dat het voor die tijd lukt.’

Yn it himd

Nei de eardere ofsnuteringen oer it heechlearaarskip en de Master Frysk troch de RUG ferline winter – in plan dêr’t elkenien entûsjast oer wie, ynklusyf de kommisjes oan de RUG sels en dêr’t de provinsje it jild foar op it kleed lizze woe –, lit de provinsje har no foar de tredde kear yn it iepenbier yn it himd sette.

Ik bin fierder bang dat krekt troch te pressen de provinsje syn eigen posysje earder swakker makke hat as sterker. Ommers, de RUG kin aanst sizze: ‘As it net kin sa’t it moat, moat it sa’t it kin, wy begripe skoan jimme soargen, mar dan moatte jimme ek begripe dat no’t wy net in Fryske kandidaat fine kind hawwe, wy twongen binne om in bûtenlânske yn diversiteit spesjalisearre sosjolinguist oan te stellen. Ommers, wy hawwe beide it bêste foar mei it Frysk.’

Dat soks net in ûnwierskynlik senario is, blykt hjir wol út dat dat in eksakte reprize wêze soe fan hoe’t de proseduere foar direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy yn 2020 ferrûn is. Ek dêr waard sein dat der gjin gaadlike kandidaten wiene, ek dêr waard út it omfjild wei frege om in fan hûs út Frysktalige persoan, ek dêr wie lang net eltsenien der fan oertsjûge dat der gjin gaadlike kandidaten wiene, ek dêr waard in ferrassingskandidaat út it bûtenlân helle.

Net fan tafel spylje litte

En - last but not least - dêr wie de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje ek eksakt deselde persoan: prof. dr. Thony Visser, lid fan de Rie fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy en teffens dekaan fan de Letterenfakulteit fan de RUG. Sy wie it dy’t de sollisitaasjekommisje foar de heechlearaar yn Grins gearstalde en foarsiet, dy’t, tsjin de jildende ôfspraken yn, eigenmachtich de universitêr dosint beneamde en dy’t dêroer de ûnderhannelingen fierde mei de troch harsels okkerjiers beneamde direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy.

De provinsje moat soargje dat se mear yl op de fûst krijt en har fierder net bestjoerlik mear fan tafel spylje litte.

Goffe Jensma is emearitus-heechlearaar Fryske taal- en letterkunde

Nieuws

menu