Lit ús oerlis ha oer de 'Gysbert'

‘Wy noegje deputearre fan kultuur Sietske Poepjes út om publyklik dúdlikheid te jaan.’ foto niels de vries Foto: niels de vries

 Op moandei 14 desimber is de P.C. Hooft-priis foar letterkunde 2021 takend oan de dichter Alfred Schaffer. De P.C. Hooft-priis is, lykas bekend, de belangrykste literêre priis foar Nederlânsktalich literêr wurk en is as sadanich te ferlykjen mei de Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer.

‘De P.C. Hooft’ wurdt takend troch in stichting en ‘de Gysbert’ troch de Provinsje Fryslân. In oerienkomst is dat beide prizen wurkje mei in sjuery of advyskommisje, dy’t in foardracht docht en hast altyd nimt de útrikkende ynstânsje dy foardracht oer.

Der is lykwols ek in wichtich ferskil. De sjuery fan de ‘P.C. Hooft’ bestiet út literêre spesjalisten, dy fan de ‘Gysbert’ hieltyd faker nét allinnich.

In resint foarbyld. Yn de sjuery fan de P.C. Hooft sieten ferline jier literatuerkritikus Janita Monna, dichter Ester Naomi Perquin, letterkundige Jeroen Dera, letterkundige Carl de Strycker en dichter Michael Tedja. Foar de advyskommisje foar de Gysbert 2021, dy’t ein dit jier foar poëzy takend wurde sil, binne proazaskriuwer Hein Jaap Hilarides, toaniel-aktrise Nynke Heeg en wurdfierder fan in nasjonale wurkjouwersorganisaasje anneks kommunikaasje-adviseur Jannes van der Velde frege, sa’t it tydskrift Fers2 okkerdeis berjochte.

Men sjocht it ferskil: de Nederlânske priis wurket mei advys fan inkeld mar spesjalisten op it literêre terrein dêr’t de priis foar útrikt wurdt, de Fryske priis docht dat net.

By foargeande edysjes fan de Gysbert wie altyd al ien fan de trije (soms fiif) kommisjeleden in algemiene, net-literêre figuer, gauris in politikus of in boargemaster, mar fan ’t jier hat de mearheid, twa fan de trije, gjin aktyf profyl op it terrein fan Fryske literatuer fan de 21e ieu.

Wy wolle, as literêre skriuwers, as leafhawwers fan Fryske literatuer én as de Gysbert-laureaten fan 2019, 2017, 2015 en 2005, ús soarch hjir oer útsprekke. Fan de Provinsje hawwe wy noait in skriuwen krigen, noch binne wy op in oare wize foarljochte, oer feroarjend belied oangeande it oansykjen fan kommisjeleden foar de priis. Ek hat de Provinsje ús en oare direkt belutsenen by de Fryske literatuer net frege wat ús fan de proseduere tinkt wêrmei’t de Provinsje komt ta in advyskommisje. Neffens ús is der no reden foar sok oerlis. Wy miene, en wy wurde yn dat idee befêstige troch de gearstalling fan de advyskommisje foar 2021, dat sok breder oerlis op syn plak wêze soe.

Us útgongspunt is helder. De Gysbert Japicxpriis is in priis foar Fryske literatuer en dêr folget út dat de priis takend wurdt foar in útsûnderlike prestaasje, neffens it oardiel fan de Provinsje, op it mêd fan de literatuer. It is in priis foar literêre keunst. Skriuwers en dichters binne literêre keunstners en hawwe it rjocht om op it foarste plak as sadanich sjoen en behannele te wurden. Dat betsjut: har wurk hat der rjocht op om hifke te wurden op literêre kwaliteit, troch lju dy’t mei publikaasjes bewiisd hawwe dat sok hifkjen har tabetroud is.

It útgongspunt fan de Provinsje is ús net dúdlik. Dat leit net oan ús, mar oan de net-transparante wize sa’t de Provinsje mei it prize-proses en it gearstallen fan advyskommisjes omgiet.

Wy noegje dêrom de deputearre fan kultuer, mefrou Sietske Poepjes, út om publyklik dúdlikheid te jaan oer har belied oangeande de ‘Gysbert’ en it oansykjen fan leden foar advyskommisjes, en dat belied ter diskusje te stellen. In briefke stjoere nei It Skriuwersboun is net genôch, sa docht ús bliken.

It soe de baas wêze en nim takom jier, as de priis foar dit jier feilich en wol útrikt wêze sil, it inisjatyf ta in breder oerlis oer de kwesty mei de minsken en de ynstânsjes dy’t it meast by ús belangrykste Fryske literêre priis belutsen binne.

EPPIE DAM

AGGIE VAN DER MEER

KOOS TIEMERSMA

ABE DE VRIES

Laureaten fan de Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie