Lit ús Friezen solidêr mei de Koerden wêze

Demonstranten in Basel, Zwitserland, vragen aandacht voor de positie van de Syrische regio Rojava. FOTO EPA/GEORGIOS KEFALAS

Yn it jier 1776 hawwe de Ingelske koloanjes yn Amearika har losmakke fan it Britske Keninkryk. Doe ûntstiene de Feriene Steaten fan Amearika. De Provinsjale Steaten fan it Gewest Fryslân, doedestiids ûnderdiel fan de sân Feriene Nederlannen, wie op 26 febrewaris 1782 it earste parlemint dat it nije lân erkende.

It ‘Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden’ is in ferdrach fan de Ried fan Europa ( Council of Europe ). It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten. De Friezen yn Dútslân en Nederlân binne beide neffens dat ferdrach erkend as nasjonale minderheid/folk.

It Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen, sjoen de eigen posysje fan de Friezen yn Nederlân en Dútslân. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft. Ek de minderheden lykas de Katalanen en Basken yn Spanje en de Skotten yn Grut-Brittanje binne troch oanbelangjende lannen erkend.

Konstant ûnderweis

Yn septimber 2017 sei de kommissaris fan de Kening Arno Brok dat it in goeie saak is dat it ryk mear foech oan de provinsje Fryslân jout, ,,op it mêd fan ûnderwiisynspeksje, mar ek fan lânbou, natuer, lânskip en klimaat.’’

,,It giet goed mei Fryslân, mar jou ús de romte”, ferhelle kommissaris fan de Kening Arno Brok yn syn nijjierstaspraak fan 2020. Besjoerlike emansipaasje is in natuerlike ûntwikkeling fan demokrasy, frijheid, en lykberjochting. Foar de Ried fan Europa is de mooglikheid ta selsbeskikking dan ek in fûneminteel rjocht. As lichem binne lannen, steaten en provinsjes bestjoerlik gjin status quo, mar konstant ûnderweis en kin uti possidetis in útkomst wêze.

Op 20 oktober 2021 waard Rojava troch it parlemint fan Kataloanië erkend. Oft de provinsje Fryslân no wol foech of gjin foech hat: dit is in prinsipieel stânpunt.

Oanhâldende emansipaasjestriid

Rojava is in regio yn it noardeasten fan Syrië, dêr’t benammen Koerden libje. De Koerden binne ien fan ’e grutste steateleaze folken op ’e wrâld. Der binne sa likernôch 30 miljoen Koerden en fierwei de measten wenje yn Turkije, Syrië, Iran en Irak. Dy steaten behannelen de Koerden fakentiden as twadderangsboargers en it waard de Koerden ferbean om Koerdysk te praten.

It Koerdysk regear fan Rojava wol as autonome dielsteat in bân mei de rest fan Syrië foarmje (neffens it model fan de Europeeske Uny). Rojava bestiet as politike ienheid sûnt 2012. De Koerden yn dizze regio hawwe in grutte rol spile yn it bestriden fan de Islamityske Steat (IS).

De Jongfryske Mienskip sjocht graach oer grinzen hinne. Wy hawwe in soad kontakt mei oare minderheden en bytiden freget ús morele kompas om solidêr te wêzen mei dy minderheden. Net allinnich yn tinzen, mar ek yn dieden. It is in oanhâldende emansipaasjestriid fan lykberjochting foar minderheden yn in hieltyd mear globalisearjende wrâld.

Folgje it foarbyld fan Kataloanje

Mei de ratifikaasje fan it ramtferdrach waarden de Steaten fan Fryslân de wichtichste politike fertsjintwurdiger en primêre bestjoersorgaan fan it Fryske folk yn Nederlân. De Steaten hawwe alsa it ‘rjocht fan paad’ om har út te sprekken oer (of solidêr te wêzen mei) nasjonale minderheden yn oare lannen.

Op 1 novimber 2021 hawwe wy in brief nei Provinsjale Steaten stjoerd. Wy soenen graach sjen wolle dat de Steaten fan Fryslân it foarbyld fan Kataloanje folgje.

Wy hawwe frege yn in gearkomste de brief te agendearjen om har dêroer te oppenearjen. In solidêr sinjaal nei santich jier Kneppelfreed, ek foar de Koerden.

Sjoerd Groenhof skreau dizze bydrage út namme fan it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip .

Nieuws

Meest gelezen