Komplot

Dat it allegear ien grut komplot is, dat is sa helder as glês. Immen is dwaande allegear komplotteoryen út te setten. Dat kin net tafallich ynienen barre, der stekt wat efter.

Fedde Dijkstra.

Fedde Dijkstra. FOTO ANNET EVELEENS

Immen hat der belang by. Immen dy’t ús allegear op ’e doele bringt, en dan, as wy allegear benaud yn in hoekje sitte, taslacht. Mar wat is it úteinlike doel? Wa is it, of wa binne it, dy’t earne op oanstjoere? De Amerikanen, de Sinezen, in sjeik, in pear miljardêrs, in bûtenierdske macht? Miskien is it de Afûk wol!

Dy wol ommers dat safolle mooglik minsken Frysk prate. En hoe krije je it safier? Net troch mei kroaden boeken út te suteljen, net troch masters en juffen minlik te freegjen der op skoalle wat oan te dwaan, net troch fan in geunst in rjocht te meitsjen, net troch de provinsje Provinsje te neamen en op húskedoarren Gurbe en Loltsje te setten, net mei ynstjoerde stikken fan âlden fan dagen yn ’e krante, net mei wat kursuskes en in Fryske boekwinkel.

Soks wurket net, dat sjocht in bline ezel. Dat binne de ôfliedingsmeneuvels. Sadat de bûtenwrâld tinkt: lit se mar wat piele. In doel berikke jo net troch der rjocht op ta te gean, mar mei in omwei, en yn it genyp.

Je moatte it sjen wolle. De Afûk is yn 1928 opset út de Fryske beweging wei. Wat der sûnt yn Fryslân bard is, dat is bysaak. De fersprieding fan it Frysk is in operaasje op wrâldskaal. Amper sichtber – inkeld krûpt in Aziatyske professor út de dekking wei of set in dryste Fryske dichter samar Sineeske gedichten oer – mar effektyf.

Hoe’t it krekt wurket, mei Joast witte, mar ûngefear sa, stel ik my foar. Earst rôlje je oer de hiele wrâld de loper út foar de Amerikanen (kola, Donald Duck, McDonald’s). Dan fine jo sabeare ‘sosjale’ media út, sadat krityske sjoernalistyk fersûpt yn in oseaan fan ûnferstân. Mei help fan dy nije media soargje je, troch Russyske manipulaasjes, dat der yn de States in sokses oan de macht komt, dy’t je as in muppet in grutte bek opsette litte tsjin de Sinezen.

Dan sette je in firus yn, sadat de rûzje út de klauwen rint en de Sinezen har net langer ynhâlde kinne. En dan, op in dei, hawwe de Sinezen it oeral foar it sizzen.

Mar dan. Wát hawwe se foar it sizzen? Dy rare Sineeske tekens, dy begrypt nimmen. Xi en syn trawanten, dy wol, mar foar de rest fan de wrâld is it Sineesk. Hoe meitsje je mei sokke kryptyske kribels de minsken dúdlik wat je wolle? Dêr ha je in oare taal foar nedich, in ienfâldige taal mei simpele letters, om arbeiders yn te printsjen wat der fan har ferwachte wurdt. Gjin Ingelsk of Spaansk, gjin taal dy’t noch nei macht rûkt.

En hjir komt de Afûk om ’e hoeke! Dy hat in folslein neutrale taal klearlizzen dêr’t nimmen him oan steure kin, in taal dêr’t al generaasjes lang boadskippen mei trochjûn binne sûnder dat der bloed út floeide, in taal dêr’t de macht neat fan te duchtsjen hat, in taal dy’t elk mei in kromke ferstân him of har yn in pear wike eigen meitsje kin. In bytsje twang, mear komt der net by te sjen. En dan op in dei praat de hiele wrâld Frysk.

It is in teory. Je sjogge it allinne as je it sjen wolle. Mar as je it ien kear sjoen hawwe, dan kinne je it net mear nét sjen. Foar de wissichheid haw ik al yn de jierren tachtich myn Afûk-A-diploma helle.

fedde.dijkstra@lc.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie
Column