Iepenheid fan klank op Goedfreed | opiny

 ‘Y of ij? It is hast kringich: dat sykje de jonges en famkes sels mar út.’

‘Y of ij? It is hast kringich: dat sykje de jonges en famkes sels mar út.’ Foto: Niels Westra

Taal lústert nau. It giet feitlik om it wurdearjen en honorearjen fan nuânses. Mar yn it Frysk binne we bytiden leaver lomp.

Goedfreed 7 april wurdt de passy In frjemdling yn Jeruzalem yntegraal útstjoerd troch Omrop Fryslân. Dêr binne komponist Gerben van der Veen en ik as librettist tige mei fergulde. En it kin net op: alles wurdt Frysk ûndertitele.