Frysk jild Lelyline is in sigaar út eigen doaze | opiny

‘Foar de rottekrûddjoere Lelyline binne de kosten rûsd op 5 oant 10 miljard euro. Wa sil dat betelje?’ FOTO NIELS DE VRIES
Hoe lang akseptearje Friezen noch it Haachske ‘Rupsje Nooitgenoeg’? It wurdt tiid dat Fryslân bestjoerlik syn eigen takomst bepaalt.
As gefolch fan de eksplosyf heger wurdende ierdgasbaten hat de Nederlânske oerheid yntusken mear as sa’n 10 miljard euro mear oan ierdgasbaten ynbard en dan is it noch net iens echt winter. In part fan datselde ierdgas wurdt dêrnei brûkt om elektrisiteit op te wekken yn in mei ierdgas stookte elektrisiteitssintrale en dus giet de priis fan elektrisiteit ek omheech, dêr’t ek wer allerhande belestingen oer heft wurde.