Flagge en folksliet

Hoewol’t wilens de krookjes en titelroazen har in paad nei boppen wrotte en it ienwykswinterke al hast wer fergetten is, litte it iis en de riderij my noch net los. De flaggen dy’t sa fleurich wapperen by de ferskate iisbanen dêr’t ik lâns kaam om de âldste fan en nei Thialf te bringen, wolle my noch net rjocht fan it netflues ôf.

Martsje de Jong, columniste.

Martsje de Jong, columniste. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

Meast Fryske flaggen wiene it, mei dêrtuskentroch in inkele Nederlânske. Ik kin der neat oan dwaan, mar de kombinaasje fan winter, iis en pompeblêden bringt yn my it Fryske bloed noch krekt wat mear oan it brûzjen en sieden as oars. Sosjaal, kultureel, persoanlik, genetysk én nasjonaal, oer alle boegen identifisearje ik my no ienris as Fries.

Nieuws

menu