Fingerwizing

Der binne minsken dy’t oeral fingerwizings fan hegere machten yn sjen wolle.

Fedde Dijkstra.

Fedde Dijkstra. FOTO ANNET EVELEENS

Op alle muorren lêze se mysterieuze rigels, lykas it bibelske ‘Mene mene tekel ufarsin’. De wierheid wurdt ús iepenbiere. Spitich dat dat yndirekt giet. Yn de foarm fan in riedsel, opskreaun troch in ûnsichtbere hân. Dat meie wy stjerlike ûnderkrûpsels earst ûntsiferje. Dêr binne wy as ‘goegemeente’ fansels te dom foar. Mar gelokkich, de útferkeazenen dy’t de tekens waarnimme, krije ek de betsjutting troch. Se steane dan ek foaroan om de profeet út te hingjen. Sy meie it boadskip útdútse oan ús, ûnnoazelen.

It docht my tinken oan Sjoerd, in maat fan froeger. Hy wie frijwat religieus, lykas de measten fan ús, want sa wiene wy grutbrocht. Sjoerd wie net allinne leauwiger, mar ek praktysker ynsteld as oaren. Hy ried op in âld rykrak fan in fyts. It ketting siet wat te rom en skeat der geregeld ôf. Dat barde sa faak, dat Sjoerd net alle kearen sin hie om derfoar ôf te stappen. Hy hie der in handichheid foar ûntwikkele. Wie it wer mis, dan bûgde Sjoerd noch ûnder it riden fansiden. Hy liet him wat sakje, brocht de hân foarsichtich nei it ketting en wist mei ien handige beweging de skeakels wer op it kamrêd te slingerjen. Sa koe hy sûnder ôf te stappen wer gong meitsje en trochfytse.

Dat moast fansels in kear misgean. En dat gie it. Sjoerd wie dy iene kear yn syn rûtine krekt net handich genôch, miskien hobbele de fyts troch in kûltsje, wa sil it sizze. Yn elts gefal krige er de fingers tusken it ketting en it kamrêd. Doe moast er dochs echt ôfstappe. De fingers sieten der noch oan, mar it wie allegear bloed en swartsel. It is lang lyn, dat ik kin net krekt weromhelje wat Sjoerd doe sein hat. Hy sil net flokt hawwe, want dat kaam net yn him op. Mar wat my bybleaun is – al wol ik it ferhaal op dit punt net stikken checke – is dat er tsjin syn maten sei, dat hy dit akkefytsje beskôge as in teken fan boppen. De Heare Heare woe him hjirmei wat dúdlik meitsje. Dit wie in warskôging tsjin syn oermoedigens, neat oars.

Dat boadskip wie dan moai dúdlik. In pynlike les, dat wurket meastal it bêste. Foarbylden genôch, sjoch mar yn mearkes en yn hillige boeken. As je as leauwige perfoarst in fingerwizing nedich binne, foardat je ta ynsjoch komme wolle, no goed. Mar om by Sjoerd werom te kommen: je soene ek sels betinke kinne dat it net sa ferstannich is om ûnder it riden mei de hân it ketting te reparearjen. Dat is ommers freegjen om ûngelokken. En it kin in skoft goed gean, mar op in dei komt it op ’e kop ferkeard.

Moat ik de parallel hielendal úttekenje, fierder trochlûke, alles derby helje? It miljeu, stikstof, de ozonlaach, ranende poalkapen, opreitsjende enerzjyboarnen, in útrûpele ierde, wolfeartssykten, it stimmen op spikergekke politisy dêr’t gjin rem op sit... Betink it sels mar. It minskdom heart wol wat ratteljen by de trapers, mar is te beroerd om fan de fyts ôf te stappen. Gong is alles, boem is ho. Mar as as dan ynienen de boel stilstiet, is it panyk. Dan roppe allegear minsken dat dit in ‘teken’ is. In hegere macht, of de ierde sels, wol ús wat dúdlik meitsje. Kom op. Tink sels nei, sjoch yn de spegel. De minske is in omkoal. De koroana op de skepping.

fedde.dijkstra@lc.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie
Column