Europa yn de kosmos | Kollum Gysbert
De mins wurdt hyltyd bûtenierdsker. Wy brûke romtefeart foar ûndersyk, kommunikaasje, navigaasje, waar- en klimaatobservaasjes, feilichheid, en tsjintwurdich sels toerisme.

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer
Om as Europeeske Uny sterk te stean yn al dy útdagingen, waard op 12 maaie 2021 – hjoed twa jier lyn – in offisjeel tawijd EU-kantoar oprjochten, EUSPA oftewol it Agintskip fan de Europeeske Uny foar it Romtefeartprogramma.