Dwers fan Pieter de Groot: Omkearde wrâld

It wie altyd ôfwachtsjen wannear’t der wer in nij nûmer fan It Beaken yn ’e bus foel, oft dat in inkeld of in dûbelnûmer wie, en ja, gauris wie it nije jier al wer begûn, dan moast de âlde jiergong noch ôfbreide wurde.

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. FOTO LC

Mar dat mocht allegear hinne bruie: It Beaken wie by eintsjebeslút it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. Wittenskip is no ienris net oan de aktualiteit bûn en oan hastige stikjes dy’t op ’e deadline skreaun wurde, dêr dogge wittenskippers net oan. Mar direkteur-bestjoerder ad interim Willem Smink hie no wol sa’n stikje skreaun. It koe net mear yn it nûmer, dat al parseree wie, en is der as ynlisfel ynstutsen. Dêryn seit er de omendeby 900 lêzers oan dat it it lêste nûmer is. ,,It sil jimme grif net ûntgien wêze dat de Fryske Akademy de beakens oan it fersetten is’’, begjint Smink syn brief. Mei dy byldspraak hopet er de besoarge Akademymienskip gerêst te stellen. De Akademy moat ‘oan it fernijen’ en ‘mei de ekstra stipe fan de provinsje yn ’e rêch’ moat ‘gearwurking’ socht wurde mei ‘besibbe ynstellings’ en ‘yn dat ramt hawwe wy besletten om ús tydskrift It Beaken fusearje te litten mei Us Wurk, it tydskrift foar frisistyk fan it Frysk Ynstitút RU Grins’.