Dit is it momint foar in Wet op de Fryske en de Hollânske taal | opiny

'Mei it ynlûken fan de Wet taal en toegankelijkheid hat minister Dijkgraaf in politike kar makke.’ Foto: ANP
De wol- of net-opfolging fan heechlearaar frisistyk Goffe Jensma hat wrachtich in debat op gong brocht oer de hâlding fan de Nederlânske oerheid foar it Frysk oer.
Dy hâlding wie al dúdlik mei de swierrichheden om it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal hinne: it Frysk ynteressearret ús yn wêzen net, mar om de leave frede te bewarjen en as it sa útkomt, wolle we wol ris in moai gebaar meitsje.
Mar sa slof as Nederlân mei it Frysk is, is it ek mei de eigen taal, it Hollânsk. Sa sprekt minister Hoekstra fan Bûtenlânske Saken Ingelsk op parsekonferinsjes yn Nederlân wylst syn gasten har eigen taal sprekke.
Wetsfoarstel ynlutsen
Minister Dijkgraaf fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip hat it wetsfoarstel Taal en Toegankelijkheid ynlutsen. Dy wet hie as doel om in goede ynternasjonale posisjonearjen fan it heger ûnderwiis yn balâns te bringen mei ûnder oaren it behâld fan it Nederlânsk as akademyske taal.
Respekt fan de oerheid foar it Frysk is nedich is om de posysje fan it Frysk te fersterkjen en moat yn in taalwet fêstlein wurde. Want wêrom moatte Fryske boargers biddelje om tolken yn de rjochtseal, wêrom sprekt de oerheid net yn de eigen taal as men de alarmsintrale skillet of mei in gewoane fraach oan it loket komt? Is it net logysker dat prokureurs en rjochters gewoan it Frysk behearskje, dat de alarmsintrale yn Fryslân seit: ‘Wat kin ik foar jo dwaan’/‘Wat kan ik voor u doen?’ en dat men oan it (e-)loket kieze kin yn hokker taal men oansprutsen wurdt? En soks net op grûn fan goede wil, mar gewoan omdat it sa heart?
It liket dan ek heech tiid foar in wetlik kader foar it brûken fan it Frysk troch de oerheid yn it ûnderwiis, rjochtspraak, administraasje, ensafuorthinne. It is in erkenning fan de taal as in folweardige taal en jout de boarger rjochten yn stee fan geunsten.
Gjin talewetjouwing yn Nederlân
No hawwe wy fansels de Wet van 2 oktober 2013, ‘houdende regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer’ (de Wet gebruik Friese taal). Mar dat is net in wet dy’t it gedrach fan de oerheid sterk oarderet of foarskriuwt. It is yn myn eagen dêrom wat in fopwet. Mear in utering fan goede bedoelingen as in foarskriuwen.
Ik tink by in taalwet bygelyks oan in kêst as: de oerheid soarget der yn syn organisaasje op alle nivo’s foar dat de boargers fan Fryslân yn it Frysk kommunisearje kinne mei alle tsjinsten fan de oerheid.
Yn Nederlân kenne wy gjin taalwetjouwing, om’t it nea in polityk tema west hat. It Hollânsk wie de taal fan de ienheidssteat Nederlân en dat wie genôch. Mar tiden hawwe tiden. Yn de hoareka yn grutte stêden wurdt meastentiids Ingelsk praat. De mobiliteit fan wurknimmers liedt ta in Ingelsktalige elite yn de Rânestêd en it heger en universitêr ûnderwiis wurdt yn it Ingelsk jûn. Der binne fakulteiten dy’t gjin Nederlânske studinten mear hawwe.
‘Frjentsjer-momint’
Mei it ynlûken fan de Wet taal en toegankelijkheid hat minister Dijkgraaf in politike kar makke. Dy wet hie as doel om in goede ynternasjonale posisjonearjen fan it heger ûnderwiis yn balâns te bringen mei ûnder oaren it behâld fan it Nederlânsk as akademyske taal. Dêrmei kiest Dijkgraaf foar kwantiteit boppe kwaliteit en nimt hy it ferlies fan it Hollânsk as akademyske taal en it kwaliteitsferlies fan it heger ûnderwiis – ek it Ingelsktalige – foar leaf. It toant in gebrek oan respekt foar de eigen taal, en yn feiten dêrmei ek foar de minsken dy’t dy taal sprekke, want dy krije dêrtroch in minder goede oplieding as de bûtenlânske studinten.
Sa komt der foar de Nederlânske taal en it heger ûnderwiis in eigen ‘Frentsjer-momint’. Fryslân ferlear syn yntellektuele hert mei it sluten fan de universiteit, it Hollânsk riskearret itselde mei it ferlies fan it brûken fan dy taal yn de wittenskip. Dat jout ûngemak. De realiteit is dat de ferhâlding fan it Frysk ta it Hollânsk op de posysje fan it Hollânsk foar it Ingelsk oer begjint te lykjen. It effekt fan de feringelsking is dat Nederlânsktalige studinten yn eigen lân in handicap krije dy’t syn oarsprong hat yn in taalefterstân op de Ingelsktalige bûtenlanners.
Skep in wetlik kader
Dat kin net de bedoeling wêze fan Nederlânsk heger ûnderwiis. It is dan ek logysk dat de Raad voor de Nederlandse Taal en Letteren pleitet om ‘werk te maken van een weldoordacht talenbeleid, waarin de rol en positie van het Nederlands, in relatie tot andere talen, worden geëxpliciteerd’.
En yndied, sa hat net allinnich it Frysk mar ek it Hollansk in wetlik kader nedich. Nederlân hat twa rykstalen, op grûn fan it foargeande liket it dan ek heech tiid dat de Nederlânske polityk fêstleit hoe’t de oerheid mei dy talen en syn boargers omgiet.
Sybren Singelsma is histoarikus en hat wurke by it Europeesk Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.