De memmetaal is de doar nei de siel | opiny

‘Yn ús Fryslân moat it Frysk ek fiertaal op skoalle wurde!’ FOTO NIELS WESTRA

Mear as fjirtich jier is Frysk no al in ferplichte fak op skoalle. Mar de measte skoallen dogge der neat oan of slaan der mar in slach nei. De ûnderste taal moat boppe.

Pier Snieder ( LC 7 juny) hat gelyk as er tinkt dat myn stikje ( LC 2 juny) oer boargemaster Jörg Singer fan Hilgelân ek wol op de taalsituaasje yn Fryslân slacht.

Dat eilantsje fan ien kante kilometer, 60 kilometer fan ‘e fêstewâl, mei in swide natuer en romrofte skiednis hat in megalomane kosmopolityske boargemaster, dy’t fynt dat der gjin plak mear is foar de eigen, iuwenâlde, unike taal omdat de goed 1400 ynwenners har skikke moatte nei ynkommers fan tsientallen nasjonaliteiten. Dat healwize idee is in metafoar foar ús taalsituaasje.

Te uzes binne der ek lju dy’t in takomst sjogge fan oars net as mear en grutter, alle jierren in slach om de wrâld reizgje en allinne mar bryk-Ingelsk-pratende kosmopoliten tsjinkomme. Foar harren hat ús taal ek gjin takomst. Singer is in karikatuer fan sokke minsken.

De bêste kânsen

Pier Snieder beskriuwt wêrom’t er mei syn frou besletten hat om de memmetaal net mear oan de folgjende generaasje troch te jaan. Hja wiene út it heitelân fuorttein om it earne oars better te krijen. Dat is tige werkenber. Mear âlden, ek yn Fryslân, hawwe itselde dien om, neffens harren, har bern de bêste kânsen te jaan. Oaren binne yn de húshâlding op it Hollânsk oergien doe’t de bern dy taal út skoalle wei mei yn ’e hûs namen. Om’t se harren skammen foar harren komôf en de âlden der gjin spul om hawwe woene.

Dat wie lykwols gjin frije kar. Men kin in swartboek skriuwe oer hoe’t Fryske bern kronken wurde om te learen dat harren taal de ûnderlizzende is. Sa mocht ik 65 jier lyn, nei ien wike yn de earste klasse, gjin Frysk mear prate. Op de fraach: ,,Juf, mag ik naar het huisje?’’, waard net reagearre. Dat mieltsje koe ik wer mei nei hûs ta nimme. En dêr learde ik fan ús mem dat it húske ek ‘wc’ hjitte.

Lyts berneleed, mar in healjier lang koe ik op skoalle neat sizze en doe’t ik al genôch Hollânsk koe, wie de aardichheid der wol ôf. Aldergelokst wiene der by ús op skoalle doe noch gjin Hollânsktalige bern dy’t harren de bûsen útskuorre soene om sa de fernedering kompleet te meitsjen. Dat is my besparre bleaun.

It ûnderlizzende plak fan it Frysk

Hjoed-de-dei is it helte slimmer wurden. Mear as fjirtich jier is Frysk no al in ferplichte fak op skoalle. Mar de measte skoallen dogge der neat oan of slaan der mar in slach nei. Jo kinne net better de bern it ûnderlizzende plak fan it Frysk ûnderwize as troch fjirtich jier lang, sûnder juridyske gefolgen, ús wetlike rjochten op ûnderwiis yn ús eigen taal te skeinen.

Net sa nuver dat âlden tinke dat hja it bêste foar harren bern dogge as hja ús djoerste eigen, de memmetaal, net mear oan it neiteam trochjouwe. Dy kar wurdt makliker as men, lykas Pier Snieder, ornearret dat taal allinne mar in kommunikaasjemiddel is en op himsels neat wurdich is. Bern misse dan neat en der falt jo neat te ferwiten.

It is lykwols net wier en ik leau ek net dat Snieder it sels leaut. Wêrom docht er war om skriftlik op myn stik yn te gean as it in spul fan neat is? Wêrom makket er him der drok oer dat ik foar it Frysk opkom as it neat om ’e hakken hat? Wêrom wol er yn syn wenplak wol graach mei de minsken Frysk prate? En wêrom hat er syn bern net yn it Ingelsk grutbrocht? It Hollânsk is ek mar in minitaaltsje dat by Nijeskâns al ophâldt.

Doar nei de siel

De memmetaal is de doar nei de siel. Sûnder dy taal kin men min jins gefoel uterje, misse de dingen, de wrâld, it libben in mytyske betsjutting. De folkstaal omfiemet it minske-aard en befettet in skat fan libbenswiisheden yn siswizen en sêgen. Skitterjende bylden fan lânskippen, karakters en foarfallen binne beskreaun yn poëzij en proaza. Dat moat de skoalle net leechlizze, mar krekt ûnderwize.

Dat kin mei in oerke Frysk yn ’e wike op skoalle perfoarst net ta. De ûnderste taal moat boppe! Mei Henk Wolf sis ik derom: ‘Yn ús Fryslân moat it Frysk ek fiertaal op skoalle wurde!’

Piter Dykstra wennet yn Mitselwier. Hy is ynteressearre yn oare Fryske talen en is aktyf lid fan boargeraksjegroep Sis Tsiis.

Nieuws

menu