De Europeeske flagge yn de iepenbiere romte | kollum Gysbert

Pieter Zijlstra

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer

Sels op it lytste Italiaanske gemeentehúske wappert er: de Europeeske flagge. Underwilens hawwe wy him net iens yn de Twadde Keamer stean.

Der binne hjoed-de-dei rjochting de 20 nasjonale parleminten dy’t mei de blauwe gielbestjerde flagge pronkje, ûnder oare yn Frankryk, Dútslân en Italië. Ek yn Oekraïne waard de Europeeske flagge foarich jier july ûnder lûd applaus it parlemint binnenbrocht. Mar yn it gefal fan ús eigen Twadde Keamer stiet er allinnich op it dak. De Nederlânske flagge hinget wol yn de plenêre seal, nammers ek pas sûnt 2017. Noch yn 2021 helle in moasje fan Volt it net om der ek in Europeeske flagge neist te setten.