Campus Fryslân yn Ljouwert oerlibbet troch en mei Ingelsk | opiny

‘De minister skriuwt yn de brief dat it om in balâns gean moat tusken de weardefolle aspekten fan ynternasjonalisearring en de tagonklikheid, kwaliteit en finansiering fan it heger ûnderwiis.’ FOTO ARCHIEF LC/HOGE NOORDEN/JAAP SCHAAF

Op ús universiteiten slacht it Ingelsk foar master op. It Nederlânsk is dêr in bedrige taal, om fan it Frysk net te praten. Heech tiid foar nije wetjouwing.

Tongersdei 18 novimber stie der in ynstjoerd stik fan my yn de NRC : ‘Help, het Fries wordt de nek omgedraaid’. Dat wie nei ‘It Frysk wurdt de nekke omdraaid yn Grins’ ( LC 3 novimber) in twadde reaksje op it net beneamen fan in heechlearaar Frysk nei it ôfskie fan Goffe Jensma. It stik einige sa: ‘De economische waarde van het Fries is nihil. Het is niets voor niets dat de elfde faculteit van de RUG in Leeuwarden volledig Engels-talig is vanwege de inkomsten van al die buitenlandse studenten. We hebben er in Friesland begrip voor dat politiek Den Haag de wolf beschermt en het klimaat gaat redden, maar de bestuursafspraak Friese taal blijkt op drijfzand te berusten.’

Ik krige nei oanlieding fan dat stik in tal reaksjes. Ik behein my ta de nijsgjirrige brief dy’t ik krige fan Prof. dr. Andrej Zwitter, dekaan fan de Campus Fryslân fan de universiteit fan Grins. Yn dy brief komt hy mei arguminten wêrom’t Ljouwert kiest foar it Ingelsk. Gearwurkje oer de grinzen freget bygelyks om in mienskiplike taal dêr’t studinten en wittenskippers mei-inoar yn kommunisearje, lykas earder it Latyn oan de universiteit fan Frjentsjer en no Ingelsk op Campus Fryslân. Wy hawwe oer dy brief in petear hân.

Wet folgje

De kearnfraach is yn hokker mjitte de Nederlânske belestingbeteller meibetelje moat oan al dy bûtenlânske studinten oan ús universiteiten. Wat hawwe wy deroan en wat stiet der yn de wet oangeande de taal? Om mei dy wet te begjinnen. Yn artikel 7.2 fan de wet op it heger ûnderwiis stiet dat der yn it Nederlânsk les jûn wurde moat, of it moat wêze dat der needsaak is om in oare taal te brûken.

It is dúdlik dat de universiteiten har mei in tredde part fan de 340.000 studinten út it bûtenlân net oan de wet hâlde. Al yn 2018 hat de feriening ‘Beter Onderwijs Nederland’ in rjochtsaak oanspand yn ferbân mei de ‘verengelsing’ fan it heger ûnderwiis, dat de kwaliteit ûnder druk set. Ommers it grutste part fan de studinten sil yn ús eigen lân komme te wurkjen en hat dêrom ferlet fan in goede taalfeardigens yn it Nederlânsk, noch ôfsjoen fan alle oare problemen lykas de húsfêsting fan dy bûtenlânske studinten.

Ek it regear sjocht yn dat der dúdlikheid komme moat. It is net om ’e nocht dat der op 13 juny fan dit jier in brief fan de minister fan Underwiis nei de Earste Keamer gie oer de ‘wet taal en toegankelijkheid’, want de universiteiten rinne tsjin de grinzen fan har kapasiteit oan. De minister skriuwt yn dy brief dat it om in balâns gean moat tusken de weardefolle aspekten fan ynternasjonalisearring en de tagonklikheid, kwaliteit en finansiering fan it heger ûnderwiis. Fan ‘in duurzaam stelsel’ is no gjin sprake. Dêr wurdt oan wurke.

Romte foar Ingelsk as fiertaal

Troch wetjouwing kinne studinten oan alle Europeeske universiteiten tsjin itselde ynskriuwingsjild studearje. Dat is in grut foarrjocht en dat moat foaral sa bliuwe. Dêrby krije de bestjoerders fan de universiteiten op dit stuit te folle romte om har eigen gong te gean. Sjoch de rebûlje oangeande de opfolging fan Goffe Jensma. It seit himsels dat se benaud binne foar beheiningen fan harren belied en dochs sil dat nedich wêze.

De bachelor opliedingen soene yn prinsipe Nederlânsk wêze moatte. At de universiteiten dochs Ingelsk hantearje wolle, krije se foar dat part gjin publike finansiering. By de masteropliedingen soe men grinzen stelle kinne oan it gebrûk fan Ingelsk as ynstruksjetaal.

Men wol net graach nei in soarte fan sovjetisearring fan it heger ûnderwiis wêrby’t de steat fêststelt wa’t wat en wêr studearje mei, mar op dit stuit is de doelmjittichheid fan guon opliedingen út sicht rekke. It moat allegearre wol betelle wurde.

De takomstige Wet taal en toegankelijkheid sil grif gjin bedriging wurde foar de Campus Fryslân yn Ljouwert. It is ommers in weardefolle ynstelling foar Fryslân, lykas bygelyks it Rooseveld College dat is foar Seelân en Middelburch. It seit himsels dat ús eigen Campus allinne bestean bliuwe kin mei it Ingelsk as fiertaal en sokke romte moat der bliuwe. De RUG moat him dêrby wol gewoan oan de bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer hâlde.

Pier Bergsma wennet yn Hurdegaryp. Hy wie oant ôfrûne maitiid foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Nieuws

menu