Boekefeest

Moarn, sneon 6 maart, begjint de Fryske boekewike. De iepening yn de Westertsjerke yn Ljouwert is net tagonklik foar publyk. Dêrom wurdt it útstjoerd by Omrop Fryslân. Ik sil der al nei sjen, want it boekewikegeskink is fan Hilda Talsma en dus is sy de haadgast fan de jûn.

Martsje de Jong, columniste.

Martsje de Jong, columniste. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

Hoe synysk wolle je it hawwe, de skriuwster dy’t synonym is foar wille en feest, dy’t heart by de alderbêst ferkeapjende Fryske skriuwers, moat it dwaan mei in stille, útklaaide jûn yn in âlde tsjerke, dy’t dan wol kultureel moetingsplak neamd wurdt, mar fansels gjin rjochtdwaan sil oan Hilda en har boek.

Nieuws

menu