Samen met

35ste Nijjiersrevu wurdt as Neijiersrevu in smûk feestje

35e Nijjiersrevu wurdt Neijiersrevu Foto: Nico de Lange

Revu de Jouwer bringt op 7, 8, 13 en 15 oktober yn elts gefal fiif foarstellingen en by genôch flecht op ‘e koai is der romte yn ‘t Haske foar mear. It skript mei eigen skreaune sketskes en lietteksten lei dus al efkes klear, mar is yn ‘e rin fan it ôfrûne jier oanfold mei aktuele saken.
Lees meer over
Jouster Courant

Foar it earst yn de skiednis fan de Nijjiersrevu fan de Jouwer sille de foarstellings yn oktober plak fine. Sa’t de Jousters wend binne, wurdt de muzyk, soms besteande meldijen mar ek eigen produksjes, ek dit jier wer live spile troch de revuband ûnder lieding van Leon Smits. Hy hat de latte wer heech lein, foar lykwols de band as de sjongers en sjongeressen.

It moat in smûk feestje wurde. De titel fan dizze revu is hiel Jousters: ‘Keallepoaten, sturtklokken en oare kofje’. Dêr moatte de Jouster bakkers mei harren typyske Jouster koeke in rol yn hawwe. Ek de klokmakkers fan de Jouwer komme oan bar en wat te tinken fan de Jouster trots, Douwe Pypke. AIs it alinich foar Jousters? Nee fansels net, elkenien is wolkom en is wis fan in moaie jûn as middei.

Mar de revu soe de revu net wêze as sy it publyk ek net ris op in ferkearde foet set en bygelyks de wurden hiel letterlik nimt. Dan komme jo út by in buorkerij en hat de klok ynienen in sturt krigen of ha jo in sturt fan jo klok krigen. Dat is hiel oare kofje en dêrom drinke jo tee...

Regisseur Anneke van den Akker is tige entûsjast foar de tredde kear mei har tredde revu útein set en hat fanôf augustus de revuploech mei nocht oan it spyljen krigen. Sy hat har begelaat om de sketskes en lieten treffend del te setten. De hechte ploech is oanfold mei ien debutant: in jongkeardel fan Balk dy’t nei de namme Glenn harket.

De revu wurdt spile freed 7 (20:00 oere), sneon 8 (14:30 en 20:00 oere), tongersdei 13 (20:00 oere) en sneon 15 oktober (20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske. Kaarten dogge € 12,50 (jûns, útsein tongersdeitejûn) of € 10,00 (sneontemiddeis en tongersdeitejûn) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en by Tabakspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer. By alle foarstellings is der in lotterij mei moaie prizen en nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen, útsein tongersdei 13 oktober, is der live muzyk.

Dit artikel is het product van een samenwerking tussen de redacties van Leeuwarder Courant en Jouster Courant

Nieuws

menu