Volledige Rede fan Fryslân

FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Dit is de integrale tekst van de Rede fan Fryslân die weerman Gerrit Hiemstra donderdag hield. Onderwerp van de Rede van dit jaar is de verandering van het klimaat. De Rede fan Fryslân vindt jaarlijks plaats. Iemand van buiten de provincie houdt met het oog op de toekomst Friesland de spiegel voor.

Boadskip foar Fryslân:

It klimaat feroaret oer de hiele wrâld en dat hat ek foar Fryslân grutte gefolgen. Wy sille ús oanpasse moatte oan de feroarjende omstannichheden en dat kin betsjutte dat Fryslân der oars út komt te sjen. En de Friezen moatte harren manier fan libjen ek feroarje om de útstjit fan broeikasgassen sa gau mooglik nei nul te bringen. It is wichtich de jongere generaasje hjir foar de romte te jaan om dat yn de praktyk te bringen.

Fryslân yn in feroarjend klimaat

Rju achte Kommissaris, kolleezjeleden, steateleden en oanwêzigen,

Tige tank oan de Kommissaris dat ik dizze achtste Rede fan Fryslân hâlde mei. It is foar my in grutte eare en ik doch it dan ek mei in protte nocht. It hat best noch wol wat muoite koste. By de tarieding hat myn frou in pear kear sein: hoe fier bist al mei dyn Troonrede?”, dus dan ha jo wol in idee wat de status fan dit ferhaal by ús thus wie!

Ynlieding

It is de earste kear dat de Rede fan Fryslân yn it Frysk útsprutsen wurdt. De bedoeling fan dizze rede is dat in bûtensteander syn of har fyzje jout op in tema dat wichtich is foar de Fryske mienskip. En dat is in goede saak. Ien fan bûten kin faaks op in manier nei Fryslân sjen dy’t ôfwykt fan dy fan de minsken dy’t der middenyn sitte. In ferfrissend nij ynsicht op de saak.

No is dy 'bûtensteanderichhyd’ yn myn gefal miskyn wat minder as gebrûklik by dit evenemint omdat ik hikke en tein bin yn Sumar en de Fryske taal machtich bin. Mar sûnt myn achttjinde jier bin ik al Fries om útens en dat is al 40 jier it gefal.

Mar as it goed is, duorret dat net lang mear, want op it stuit binne wy dwaande mei de bou fan in hûs yn Fryslân oan it wetter. Wy gean werom nei de “roots” sa as dat ek wol sein wurdt.

De Fryske identiteit

In protte minsken ha my frege: “Werom geane jimme werom nei Fryslân? Jimme ha no ek in moai wenplak, it wurk is yn Hilversum en yn Amersfoort, wat sille jimme jimme drok meitsje.” Oan net-Friezen is dat min út te lizzen, mar yn myn gefal hat dat te meitsjen mei identiteit. Wat is no eins identiteit? Ik bin der fan oertsjûge dat de identiteit fan in persoan bepaalt wurdt troch syn of har taal. Jo identiteit leit fêst yn de taal. No kin ik my yn it Nederlânsk aardich rêde, mar myn frou seit dat ik noch altyd dream yn it Frysk. Ik fiel my sadwaande noch altyd in soarte fan allochtoan yn Nederlân en ik begryp dan ek hiel goed hoe't de earste en twadde generaasje nije Nederlanners harren fiele moatte. En derom bin ik bliid dat ik dizze Rede yn it Frysk útsprekke mei.

Myn ymplisyte boadskip hjirfan is dat yn de takomst Fryslân allinnich Fryslân bliuwe kin as de Fryske taal oerein bliuwt en ek de fiertaal bliuwt yn Fryslân. Derom is it wichtich maksimaal yn te setten op it Frysk op legere skoallen en ek op middelbere skoallen foaral ek yn de gruttere stêden en doarpen. It is wichtich dat der goeie kursussen foar net-Frysktaligen binne en bliuwe. Elkenien kin in foarbyld nimme oan de Kommissaris dy't syn bêst dien hat om Frysk te learen.

Ik sit sels wolris yn it Frysk te appen, mar dat leveret noch wolris wat taalflaters op foaral ek troch de Nederlânske autokorreksje op de telefoan. De Fryske Akademy hat prachtige taal-apps ûntwikkele foar de mobile telefoan sadat no elkenien sûnder problemen ek yn it Frysk op sosjale media kommunisearje kin. En dat is foaral wichtich foar de feardigens fan de jongere generaasje mei de Fryske taal.

Klimaatferoaring

Mar neist de taal binne der mear bedrigings foar Fryslân: foaral de feroaring fan it klimaat; en der wol ik it de rest fan myn rede oer ha. It klimaat is op de hiele wrâld hiel sterk oan it feroarjen. Gemiddeld sprutsen is it al in graad waarmer wurden. Mar it opwaarmjen giet net oeral like hurd. Yn ús lân is it de lêste 50 jier al twa graden waarmer wurden en mear as de helte derfan komt troch de wrâldwide opwaarming. It oare part hat te meitsjen mei lokale effekten sa as it feit dat de loft in Nederlân folle skjinner wurden is troch alderlei miljeumaatregels fan de oerheid.

Op oare plakken yn 'e wrâld giet it folle hurder as by ús. Foaral op de noardpoal en de súdpoal giet de opwaarming folle hurder as yn ús omjouwing. En dat sil grutte gefolgen ha foar Fryslân. De opwaarming fan it klimaat komt troch it ferbrânen fan fossile brânstoffen, sa as stienkoal, oalje, disel, benzine en gas. Hjirby komt CO2 frij en dat is in hiel effektyf broeikasgas. Neist CO2 binne der noch twa oare wichtige broeikasgassen: metaan en lachgas. Metaan wurdt ek út de grûn helle, mar it komt ek frij by rottingsprosessen, fertarren fan gers yn de mage fan kij en oar fee en by it fergean fan fean en moerassen. Lachgas komt ek frij yn’e lânbou mar wurdt no foaral brûkt troch de jongerein om wille te hawwen.

Dy broeikasgassen soargje foar in feroaring fan it klimaat dy't histoarysk sjoen nea earder bart is. Nea earder is der yn sa’n koarte tiid sa’n grutte feroaring west.

De gemiddelde temperatuer op ierde is al in graad tanaam, de oseanen waarmje stadichoan op, de iiskappen fan Grienlân en Antarktika binne oan it smelten, it seewetter komt omheech, de gletsjers krimpe, it iis yn de Arktyske See ferdwynt, drûchte nimt ta en tagelyk wurde de waarekstremen ekstremer. Dat jild foar hjitte, drûchte, felle stoartbuien, orkanen en delslach.

It klimaat is foarhinne ek altyd feroare, ek doe’t der noch gjin minsken op ierde om rûnen. Dat kaam troch natuerlike prosessen, mar it punt is dat al dizze prosessen de notiidske feroaring net ferklearje kinne. Der bliuwt mar ien faktor oer: de broeikasgassen. En dy broeikasgassen komme mar út ien boarne: wy, de minsken.

De emisje fan in gemiddelde Nederlanner is ûngefear 10 ton CO2-equivalenten per jier. Dermei steane wy op plak 24 yn de wrâld en yn Europa op it fjirde plak efter Luxemburg, Gibraltar en de Faeröer Eilannen. Wy steane krekt boppe Noarwegen en Dútslân.

As we sjogge nei de kumulative emisjes – dat is it totaal fan de CO2-emisje fan alle jierren by elkoar opteld - dan stiet Nederlân op plak 32 yn de wrâld. Gemiddeld hat elke ierdbewenner 288 ton CO2 bydroegen, per Nederlanner is dat 924 ton. Dat betsjut dat wy ûnevenredich mear (ûngefear 3,5 kear safolle) bydroegen ha oan de klimaatferoaring dan de gemiddelde bewenner fan de ierde.

Yn de wittenskip is it dúdlik wat der oan de hân is. Broeikasgassen soargje foar it opwaarmjen fan de ierde en wy sille der noch in hiel protte lêst fan krije. Dat is no al dúdlik te fernimmen, ek yn Fryslân.

De ôfrûne simmers ha folle waarmer west dan dat we went binne. De measte minsken sjogge nei de temperatueren oerdei, mar it binne foaral ek de nachten dy't hjir oan bydrage.

It is yn Fryslân al 10 prosint wieter wurden, tagelyk komme der faker drûge perioaden foar. Der komme faker swiere buien foar mei in hegere yntinsiteit dan foarhinne. It wetterskip – lykas alle wetterskippen yn Nederlân – hat faker te meitsjen mei oerlêst troch in grutte bats reinwetter. En miskien wol it meast dúdlike teken: de lêste Alvestêdetocht is al mear as 22 jier lyn. Noch nea earder hat der safolle tiid sitten tusken twa opienfolgjende Alvestêdetochten. Ik ha Jeen van der Berg in kear troffen yn Hylpen by in gearkomste oer de Alvestêdetochten en doe sei hy tjin my: De folgjende tocht komt elke dei in dei tichter by. Op himsels is dat in wier wurd, en der sprekt ek de hoop út dat it der ea nochris fan komt, mar as ik sjoch hoe it waar troch de klimaatferoaring al feroare is, dan kin de tocht fan 1997 wolris de lêste west ha.

Fryslân feroaret

Dus Friezen, de tiden feroarje, as wy no wolle of net. Feroaringen gean net fansels. Lytse feroaringen gean relatyf flot, grutte feroaringen nimme in protte tiid. Mar werom is dat sa? Neffens my hat dat te meitsjen mei hoe wy as yndividuën der mei om gean.

In protte minsken ha nocht oan tradysjes en Fryslân hat in soad derfan: dizze Steateseal, de Alvestêdetocht, it Skûtsjesilen, it keatsen, it fierljeppen en wis net de minste, de taal. De measte minsken kinne harren net in oare situaasje foarstelle. Fryslân is Fryslân en it moat sa folle mooglik sa bliuwe.

Dat kin ik my goed begripe, mar as je even neitinke, dan is dat fansels net sa. Fryslân is net altyd west sa as it no is. Litte wy in foarbyld nimme dat elkenien wol kin: de Ofslútdyk. Wy ride der oer hinne om nei Hollân te kommen, of werom nei hûs. It beskermet ús en in grut part fan Nederlân tsjin stoarmen en heech wetter. Tagelyk hat it in enoarme ynfloed op de ekonomy, it toerisme en op de natuer. Kinne jimme jimme Fryslân foarstelle sûnder Ofslútdyk? Ik tink de measten hjir yn de seal net. Mar der is in tiid west sûnder de Ofslútdyk.

Cornelis Lely hat yn 1891 it earste plan lansearre foar de ynpoldering fan de Sudersee. Yn 1932 waard it lêste gat fan de Ofslútdyk tichtmakke. Fan ôf it earste plan hie it 41 jier duorre foardat it realiseare waard. Nó kinne wy ús gjin Fryslân mear foarstelle sûnder Ofslútdyk. Ik brûk dit foarbyld om oan te jaan dat alles wat der no is, der net altyd west hat. En dat is in metafoar foar de takomst. Alles dat der no is, sil der net bliuwe. Om de klimaatferoaring baas te bliuwen, sil Fryslân feroarje moatte.

Der binne twa wichtige ûntjouwingen:

1. Wy moatte ús oanpasse oan it feroarjende klimaat (adaptaasje)

2. Wy moatte de útstjit fan broeikasgassen sa gau mooglik nei nul bringe (mitigaasje)

De oanpassingen, de adaptaasje, sit foaral op it mêd fan it wetter. Wy moatte ús beskermje tsjin de see, mar tagelyk moatte wy der foar soargje dat we it reinwetter dat binnen de diken falt, ek wer kwyt reitsje en dat we de skea derfan beheine kinne. It IPCC hat op 25 septimber in rapport publisearre der’t yn stiet dat we rekken hâlde moatte mei in fierdere stiging fan it seewetter fan 84 sintimeter yn 2100 en 2,3 oant 5,4 meter yn 2300. Dat sil betsjutte dat de diken yn de takomst heger moatte.

De berekkeningen fan it IPCC en it KNMI jouwe ek oan dat der yn de takomst mear reinwetter komt en derom moat der ek mear kapasiteit komme foar it fuort pompen fan it wetter binnen de diken. Wy binne allegearre grutsk op it Wouda-gemaal op de Lemmer en it is ek in prachtich stik yndustrieel Erfguod. Mar yn it ljocht fan’e klimaatferoaring is it lykwols net in duorsume oplossing. Yn situaasjes fan heech wetter is Fryslân ôfhinklik fan in stik technyk fan 100 jier âld. Ik kin my net foarstelle dat wy dêr de kommende 100 jier noch ôfhinklik fan bliuwe wolle. Boppedat wurdt der per etmiel 15 ton swiere stookoalje brûkt as it gemaal yn bedriuw is. Twa dagen draaie leveret in CO2-emisje op fan 110.000 kg! Dat is likefolle as de jierlikse emisje fan 40-45 auto’s.

De fraach is as dizze maatregels yn de fiere takomst genôch binne om Fryslân droech te hâlden. Eartiids wie Fryslân it lân fan de terpen. Miskien moatte we yn de fiere takomst wer nije terpen boue om boven wetter te bliuwen.

Dan de mitgaasje. Foar ús enerzjy moatte wy sa gau mooglik oerstappe op wyn-enerzjy, sinne-enerzjy en oare duorsume foarmen. Dat betsjut dat der mear wynmûnen komme moatte en mear sinnepanielen, op hûzen, buorkerijen en op sinneparken. Dat kin allinnich as der ynvestearre wurdt yn it heechspanningsnet yn Fryslân en ek yn de rest fan Nederlân. Der moat ek ynvestearre wurde yn opslach fan enerzjy foar perioaden fan gjin wyn en in bytsje sinne. Dat sil betsjutte dat Fryslân der oars út komt te sjen, mar dat is de konsekwinsje fan de feroaring dy’t op ús ôf komt. De tiiden feroarje en Fryslân moat mei feroarje.

Iepenbier ferfier is ek in mooglikheid om de emisje fan broeikasgas omleech te krijen. Der lizze al moaie treinferbiningen troch Fryslân, hâld dy yn stân en wreidzje dy út. Eartiids wiene der in protte trambanen yn Fryslân. It soe in aardichheid wêze de mooglikheden foar in light-rail-net is te ûndersykjen.

Transysje

Wy steane oan it begjin fan in transysje - in enerzjytransysje - en in protte minsken ha dêr muoite mei. Mar wy ha al in pear transysjes meimakke. Us heit wie earder boer en hy is begûn mei hynders. Dat wie doe sa gewoan as wat. Elk doarp hie in smid. Nei de oarloch kamen de trekkers, suver alle hynders binne ferdwûn en de measte smidderijen ek.

Doe't ik in lyts jonkje wie, stookten wy thús op stienkoal. Yn de hjerst kaam Swarte Jouke mei grutte sekken stienkoal om de brânjebak foar de winter wer fol te meitsjen. Wy as bern moasten altyd brânje út de bak skeppe en yn de kit neist de kachel sette. Doe kaam it gas en de kachels waarden ferfongen troch sintrale ferwaarming. Dat is dus in enerzjytransysje west. Wy hiene earder gjin telefyzje, gjin kompjûter, gjin ynternet, gjin mobile telefoan.

En no steane wy oan it begjin fan nije feroaringen dy't nedich binne om de emisje fan broeikasgassen omleech te krijen en dat sil grutte feroaringen yn de maatskippij bringe. Mar de grutste feroaring dy’t barre mat is by ús sels. Ik bin der fan oertsjûge dat de maatskippij pas feroarje sil as wy as yndividu feroarje.

Dy feroaring ha ik sels ek troch makke. It hat by my frij lang duorre dat it besef trochkaam dat ik sels ek in kar meitsje moast. En myn ûnderfining is, as jo dy kar meitsje, dan sjocht de wrâld der ynienen hiel oars út.

Wy ha no al hast trije jier in elektryske auto. Yn de praktyk blykt dy better te foldwaan dan in gewoane auto. Sa’n auto is dan ynienen âlderwetsk. It ryd folle stiller, it stjonkt net, hy docht it altyd, je kinne der gewoan mei op fakânsje nei Italië en hy stjit folle minder CO2 út. En as je sinnepanielen ha, dan kinne je thús fergees ‘tanke’.

Wy bouwe no in hûs fan materialen dy’t foar in grut part út’e natuer komme. In houten skelet, muorren fan kalkhennep, kezinen fan bewurke hout út Finlân en in houten omklaaiïng (gjin tropysk hurdhout!). De enerzjy foar de ferwaarming wurdt mei behelp fan in waarmtepomp út it wetter helle en de enerzjy wekke wy sels op mei sinnepanielen. It moaie fan dizze bouwize is dat je yn de biologyske boumaterialen ek CO2 fêstlizze foar langere tiid. Sa min mooglik semint brûke betsjut dat dermei ek CO2 besparre wurdt. En it skeelt ek noch yn de stikstof emisje.

No jo

En no binne jo oan’e beurt. Ik soe jimme freegje wolle ek in mentale transysje troch te meitsjen. Jo meitsje elke dei in kar dy’t effekt hat op jo persoanlike CO2-emisje, faaks sûnder dat jo der erch yn ha. Sa ha myn frou en ik de kar make gjin fleis mear te iten. Dat moast earst even wenne, mar no witte we net better.

De gemiddelde CO2-footprint fan elke Nederlanner is ûngefear 10 ton CO2 per jier. Dy persoanlike CO2-emisje bestiet út fjouwer parten: in kwart is ferwaarming en enerzjy, in kwart is transport, in kwart is iten en in kwart is guod dat je keapje. Jo ha sels in protte ynfloed op de hichte fan jo persoanlike CO2-emisje en ik ha in listje foar jo om jo te helpen jo persoanlike CO2-emisje omleech te krijen. Mei in bytsje muoite kinne jo dat mei 80 persint ferminderje:

1. Om te begjinnen: besparje enerzjy! Hoe minder enerzjy je brûke, hoe leger je persoanlike CO2-emissie is. Dus: de wenning en de bedriuwsgebouwen isolearje, mear op’e fyts en minder fier reizgje. Minder enerzjy brûke is automatysk minder CO2 útstjitte.

2. Soargje dat jo gjin gas mear nedich ha foar it ferwaarmjen fan jo hûs as bedriuw. Kombinearje it mei it besparjen fan enerzjy, dan slagge jo twa miggen yn ien klap. Ynstallearje sinnepanielen, brûk wynenerzjy en helje enerzjy mei in waarmtepomp út de grûn en út it oppervlaktewetter

3. Wat ferfier oangiet, lit de auto stean en gean op de fyts as mei de bus of de trein. As je oan in oare auto ta binne, keapje dan in elektryske auto. As it budget beheind is, dan is in hybride in goed alternatyf.

4. Sykje jo fakânsjebestimming tichter by hûs. It mije fan ien retoerke Bali as Australië hat likefolle effekt as twa jier yn in elektryske auto ride.

5. Mear plantaardich ite en minder dierlik aaiwyt. In hamburger hat 10 kear safolle CO2-utstjit as in vegaburger. Dus lit aanst de drûge woarst by de buorrel stean en nim de fegetaryske hapkes.

6. Keapje minder guod. Minder guod keapje, faker meitsje litte en minder fuortsmite.

7. En by ferbouwingen en bouprojekten: kies foar biobased boumateriaal. Dermei lizze jo CO2 foar langere tiid fêst en it leveret faaks ek in komfortabeler hûs op.

Dit binne sân konkrete mooglikheden dêr’t jo hjoed of moarn mei begjinne kinne. En dan bedoel ik net ‘moarn’ yn oerdrachtlike sin, mar echt ‘moarn’, 4 oktober.

Ik wol it graach noch wat konkreter meitsje. Ik sil jo daliks trije fragen stelle en jo kinne derop antwurdzje troch stean te gean of sitten te bliuwen. It stean gean betsjut dat jo yn aksje komme, sitten bliuwe betsjut dat jo, tsja, sitten bliuwe. Hjir komme de fragen. As jo it oannimme gean jo stean, as jo it ôfwize bliuwe jo sitten.

Fraach 1: Ik begjin mei minder fleis te iten en der begjin ik hjoed mei. Dat betsjut ek dat ik aanst de drûge woarst by de buorrel stean lit. Ek as jo al gjin fleis mear ite kinne jo stean gean.

Fraach 2: Ik sil moarn in proefrit yn in elektryske auto en in offerte oanfreegje. As jo der al ien ha, of koartlyn besteld ha, dan kinne jo stean gean.

Fraach 3: Myn earstfolgjende reis mei it fleantúch annulearje ik en ik sykje in oare manier om te reizgjen, bygelyks mei de trein. As jo al net mear mei it fleantúch gean, dan kinne jo ek stean gean.

Der binne in pear redenen werom ik it sa persoanlik meitsje. T'en earste, as de maatskippij feroarje moat, dan matte wy earst sels feroarje. De iene hat der mear tiid foar nedich as de oare.

De twadde reden is dat as jo de mentale knop omsette en op syk gean nei alternativen, dan feroaret jo sicht op’e wrâld om jo hinne. De measte minsken reagearje ôfwizend op feroaringen en dat komt omdat sy foaral tinke oan’e mooglike neidielen. As jo it oandoare om in oare kar te meitsjen, dan blykt yn de praktyk faaks dat die neidielen meifalle en dat der ek foardielen binne. Mar dy sjogge je pas neidat je de kar makke ha.

De tredde reden is dat jo in statement meitsje. En statements falle op. Stel, jo beslute om in elektryske auto te keapjen. De folgjende kear as jo op in jierdeibesite komme, dan krije jo der perfoarst fragen en opmerkingen. Jo wurde automatysk in rolmodel, jo rinne foarop. En der ha wy ferlet fan, foaroprinners. Dus minsken, gean der mei oan de slach en dan mar in protte nei jierdeibesiten ta.

En der binne al in protte minsken dy’t de kar al makke ha, net allinnich op klimaatgebiet, mar ek op oare flakken. Der binne prachtige foarbylden fan ûntjouwingen dy’t troch de Friezen sels inisjearre binne en dy’t no fertuten dogge:

- De Elfwegentocht

- De doarpsmûne yn Reduzum

- De oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet

- De enerzjy koöperaasje Gaasterlân

As lêste soe ik graach noch oandacht freegje wolle foar de jongere generaasje Friezen. De measten hjir yn de seal binne boppe de fyftich. Dat betsjut dat je in protte libbensûnderfining ha. Dat is yn in hiele protte saken nuttich. Mar yn in situaasje wer’t grutte feroaringen nedich binne, is it faaks in handicap. Meitsje derom romte foar de jongere generaasje. Lit se meiprate, lústerje nei harren en lis de besluten foar de takomst foaral by harren del. Ek de jongere generaasje hat it bêste foar mei Fryslân, lyk as elkenien hjir yn’e seal.

Ik slút myn rede ôf:

- Hâld de Fryske taal yn eare, dat jout de bêste garânsje dat Fryslân ek yn it nije klimaat bloeie en groeie sil.

- Akseptearje dat klimaatferoaring grutte gefolgen foar Fryslân ha sil. Soargje dat Fryslân der klear foar is en nim op tiid de besluten dy’t der foar nedich binne.

- Nim ek jo eigen ferantwurdlikheid. Set de mentale knop om en soargje der foar dat jo eigen CO2-footprint nei nul giet. Sa gau mooglik.

- Jou de jongerein de romte en it fertrouwen. Sy ha de measte tiid foar de boech, sy ha de blik rjochte op de takomst.

Kommissaris, Kolleezjeleden, steateleden, dames en hearen, de tiid hâldt gjin skoft. Wy moatte oan de slach!

Nieuws

Meest gelezen