De Hounspolder: vijf vragen en een stippenkaart

De Leeuwarder gemeenteraad hakt woensdag de knoop door over het stedenbouwkundig plan voor nieuwbouwwijk De Hem. Die roept weerstand op omdat hij tegen de opvallend vogelrijke Hounspolder aan komt te liggen. Vijf vragen aan Eduard van der Hoek, nazorgcoördinator van de Vogelwacht Leeuwarden.

De stippenkaart met nesten en broedparen van de Leeuwarder vogelwacht, met in het midden de Hounspolder. Hier werden dit jaar de volgende soorten geregistreerd, met tussen haakjes het aantal paren:  grutto (24), kievit (20), tureluur (28), scholekster (12), kleine plevier (2), kluut (1), wilde eend (12), slobeend (2), krakeend (12), kuifeend (2), bergeend (2), smient (1), meerkoet (12), waterhoen (6), graspieper (3), kwikstaart (2), rietgors (1).

De stippenkaart met nesten en broedparen van de Leeuwarder vogelwacht, met in het midden de Hounspolder. Hier werden dit jaar de volgende soorten geregistreerd, met tussen haakjes het aantal paren: grutto (24), kievit (20), tureluur (28), scholekster (12), kleine plevier (2), kluut (1), wilde eend (12), slobeend (2), krakeend (12), kuifeend (2), bergeend (2), smient (1), meerkoet (12), waterhoen (6), graspieper (3), kwikstaart (2), rietgors (1). Vogelwacht Leeuwarden

Hoe was het vogelvoorjaar in de Hounspolder?

,,Poerbêst. Ast allinnich nei skries, ljip, tsjirk en strânljip sjochst, de fjouwer haadsoarten ûnder de greidefûgels, dan sieten we hjir op 84 nêsten op 8,5 hektare. Dêr komme dan noch in alderferskuorrendst soad oare soarten by oan einen en sjongfûgels. Ik tink dat der yn Fryslân gjin oar plak is mei sa’n grutte fûgeltichtheid.’’

,,It wie fansels in geunstich foarjier, om’t it lang koel en wiet bleau. Mar eins is dat hjir noait in probleem. Dit is in foarbyldgebiet dêr’t de basis folslein op oarder is. It is âlderwetske biotoop mei ekertsjelân, krûderyk gers en in heech wetterpeil. Der komt rûge dong oerhinne en sa no en dan rint der wat jongfee. Der is gewoan altyd wetter en fretten.’’


Als buurtschap De Hem wordt uitgevoerd zoals nu op tafel ligt, met een bufferzone van 40 tot 75 meters, hoe zal dat uitpakken voor de vogels in de Hounspolder?

,,Dy ôfstân is echt te lyts. Dan wurdt minsklike druk op it gebiet sa heech dat it net mear geskikt is foar skriezen. Dêr binne se te skou foar. It binne gjin dowen dy’t by in wenning yn in beam sitten geane. Dy fûgels bliuwe fuort as it aanst allegear aksje is mei drokte yn achtertunen en de Wurdumerfeart, mei sloepkes en zodiacjes. Dan is it gewoan ‘einde oefening’. It is net foar neat dat ûndersikers fan Altenburg & Wymenga advisearje om in buffer fan minstens 300 meter frij te hâlden.’’


Zullen vogels in de toekomst uitwijken naar een compensatiegebied als de Himpensermar, zoals de gemeente veronderstelt?

,,Dat is in papieren werklikheid dêr’t fûgels har net troch liede litte. De fûgeltichtheid is yn de Hounspolder net foar neat folle grutter as yn de Himpensermar. Fûgels komme hjir alle jierren wer hinne omdat se der in goed briedresultaat helje en piken grutbringe kinne. De provinsje ûnderkent dat, want dy jout de pachter ek subsydzje foar útsteld meanen, wylst dit net in offisjeel kânsgebiet is yn in greidfûgelkearn.’’


Hoe ziet het alternatief er uit dat de vogelwacht heeft voorgesteld?

,,It leafste sjoch ik De Hem der net kommen, mar wy ha de gemeenteried wol in kompromis foarlein. Do soest tusken De Hem en de Hounspolder in bufferzone fan 300 meter meitsje kinne yn de foarm fan in eilân. Dat ûntstiet ast foar de nijbou del in farwei makkest as in soarte fan bypass fan de Wurdumerfeart. Dan hast dochs dyn sloeperûte en kin de gemeente de grûn oan de râne ynienen foar de folle mep ferkeapje as kavels oan farwetter én in natuergebiet. Hoe moai wolst it hawwe?’’

,,Troch der in eilân fan te meitsjen foarkomst dat sa’n buffer in soarte fan hûne-útlitplak wurdt. Ast it ynrjochtest mei wat skulpebankjes en wetter kinst der ek noch wol fûgels hinne helje. Dat binne dan gjin skriezen , mar wol strânljippen, wilsters en miskien hjir en dêr in ljip. As der sa’n bypass leit kinst boppedat yn it briedseizoen de Wurdumerfeart mei in rychje tonnen ôfslute, sadatst gjin fersteuring hast yn de Hounspolder.’’


Wat doen jullie als het plan woensdag wordt goedgekeurd zoals het er nu ligt?

,,Sa’n beslút kin de gemeente noch wolris swier op de mage lizze. Alle partijen dy’t har no ynsette foar dizze greidfûgelpearel sille dat net samar opjaan. Ik tink dat der dan seker rjochtsaken folgje sille en dat kin wolris fier gean. Allinnich as se útkomme op in buffer fan 300 meter, dan is der in basis om konstruktyf fierder te praten. Ik snap bêst dat de gemeente hjir jild yn sitten hat, mar as se in stikje sitte litte foar in romme buffer en in bypass, dan kinne se der noch altyd wol oan fertsjinje. As dy hele Hem der net komt, dan rinne se alles mis. De gemeenteried hat dus wol wat te kiezen.’’

Iets bredere bufferzone kan zonder verlies

Op verzoek van verschillende politieke partijen heeft PvdA-wethouder Hein de Haan laten berekenen of de afstand ten opzichte van de oostelijker gelegen Hounspolder kan worden vergroot zonder ernstige financiële gevolgen. Het is inderdaad mogelijk om de bufferzone iets te vergroten zonder dat de gemeente er verlies op lijdt, blijkt. De verminderde opbrengst wordt grotendeels terugverdiend door elders meer huizen te bouwen op kleinere kavels, bijvoorbeeld aan de noordwestkant van de wijk.

,,Wij verheugen ons dat de wethouder een klein gebaar maakt van 16 à 20 meter, wat helaas nog steeds onvoldoende afstand oplevert’’, schrijven milieu- en dorpsorganisaties in een gezamenlijke brief. Zij houden vast aan 300 meter bufferzone, zoals in een onderzoeksrapport van Altenburger en Wymenga geadviseerd wordt. Zo groot is de door De Haan voorgestelde De Haan echter lang niet.

De brief is geschreven door de ,,beheerders weidevogelbroedgebied Hounspolder, Klankbordgroep ( min 1 lid), de Molenstichting, Dorpsbelang Goutum, Vereniging Milieudefensie en de Klimaatcoalitie Fryslân.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Natuur en milieu