Tsead Bruinja: Skriuwe is de reis oangean

Tsead Bruinja is krapoan tweintich jier profesjoneel dichter. Dat der fan syn bondels meast mar 300 of 400 eksimplaren ferkocht wurde, deart him net echt. ,,Us heit wie waskmasinereparateur. Soe dy mear klanten hân ha?’’ Syn nije bondel is út.

Tsead Bruinja: ,,It dichterskip is gjin elitêre beuzichheid, it is wurk.'' FOTO EDO KOOIMAN

Tsead Bruinja: ,,It dichterskip is gjin elitêre beuzichheid, it is wurk.'' FOTO EDO KOOIMAN

Alhoewol’t er al jierren yn Amsterdam wennet, is Tsead Bruinja (43) op’t heden aardich oanwêzich yn Fryslân. Op de Aldehou yn Ljouwert wurdt fan tongersdei- oant en mei sneintejûns in keunstwurk projektearre dat er mei Herman van Veen en Jules van Hulst makke hat; syn nije Frysk-Nederlânske bondel Hingje net alle klean op deselde k apstok leit sûnt koart yn ’e winkel.

Nieuws

Meest gelezen

menu