Rubriek Nummer zoveel: Een cijferaar met een hekel aan krimp

Douwe de Vries.

Op de kandidatenlijst voor de Tweede Kamerverkiezingen in maart staan 39 Friezen; 29 mannen en 10 vrouwen. In deze eerste aflevering: Douwe de Vries (51) uit Hallum. Lijst 3, CDA, plek 43.

Waarom het CDA?

,,De C fan it CDA is wat my altyd bûn hat. It is krekt as mei Cambuur: as je dêr mei opgroeid binne, reitsje je dat noait wer kwyt. Ik ha 24 jier wurke bij Hellema, de lêste 15 jier as direkteur. Ik woe wat oars, ik haw studeard. Myn holle moat wat oan de gong bliuwe. No bin ik doktorandus yn it Ingelsk en yn de akkountansy en master yn de rjochten. Sjoekje, myn frou, sei: ‘dat binne titels genôch’. Ik wurkje by de belêstingtsjinst. As politikus soe ik wat foar de mienskip werom dwaan wolle.’’

Beste campagnetip:

,,Ik ha in soad buorden en grutte billboards by de dyk del stean, by de fleanbasis yn Ljouwert en by Dokkum. Ik moat it ha fan tûzenen foarkarstimmen. Ik bin gjin tritich mear, ik hoopje dat se op my stimme om myn finansjele kennis, om myn ûndernimmershert en om it Frysk-eigene. Dat moat in soad FNP’ers ek oansprekke, tinkst net?’’

Stel dat ik word gekozen:

,,Dan gean ik yn de Twadde Keamer fol foar de ûndernimmers en foar de finansjele paragraaf. Troch de wike op in flatsje yn De Haach en Sjoekje giet gewoan mei. Wy moatte allinnich noch wat betinke foar ús twa chihuahua’s.’’

Als ik iets kan terugdraaien in Friesland dan is het:

,,It wurd ‘krimp’. Dêr moat fuortendaliks in dikke streek troch. Wy ha ús dêrmei bestimpele as Calimero, wylst wy groeiregio binne. It plattelân is de nije hotspot en Fryslân moat dêr wat foar weromkrije.’’

Mijn politieke voorbeeld:

,,Pieter Omtzigt. Dy doart yn alle omstannichheden te sizzen wat hy fynt. En Omtzigt is in man fan de sifers. Krekt as ik.’’

Nieuws

menu