Rubriek Nummer Zoveel: Ivo de Wolff (VVD) wil af van de Friese gedachte 'dat hjir neat kin'

Ivo de Wolff.

Op de kandidatenlijst voor de Tweede Kamerverkiezingen staan 39 Friezen; 29 mannen en 10 vrouwen. In deze slotaflevering: Ivo de Wolff (29) uit Sint Nicolaasga. Lijst 1, VVD, plek 65.

Waarom de VVD?

,,De VVD past by my. De partij stimulearret minsken om it maksimale út harrensels te heljen. Elkenien moat de romte krije om der yn it libben wat moais fan te meitsjen, om dreamen nei te jeien, om in passy te folgjen. Wy rekkenje op de yntrinsike motivaasje, op de wil om der foar te gean.’’

Beste campagnetip?

,,Lústerje. As politikus bist fan ‘e minsken. Jo moatte as politikus, seker yn dizze digitale tiid, ‘benaderbaar’ en berikber wêze om fragen te beantwurdzen fan ynwenners. Ik wol hiel leechdrompelich wêze en bin altiten foar elkenien te berikken.’’

Stel dat ik word gekozen...

,,Dan wol ik derfoar soargje dat yn De Haach it idee dat Fryslân hiel fier fuort leit, ferdwynt. Wy dogge hjir yn ‘e provinsje safolle goeie dingen op it mêd fan ûndernimmerskip en ynnovaasje. Dat wol ik fierder útbouwe, oanjeie en yn it lân ûnder de oandacht bringe. Us ûndernimmers soargje foar banen, pakke de kânsen dy’t der lizze. Sy moatte alle romte krije om te ûndernimmen.’’

Als ik iets kon terugdraaien in Friesland, dan was dat...

,,Der is neat dat ik graach werom ha wol dat er no net is, mar ik wol wol ôf fan de gedachte dat hjir yn Fryslân neat kin. Ik hear dat te faak. Wy moatte tinke yn kânsen, net yn begrinzingen.’’

Politieke voorbeeld.

,,Premier Mark Rutte, al tsien jier de lieder fan ús lân. Dat sjochst net oan him ôf. Ik ha respekt foar de wize wêrop’t hy Nederlân troch de krisis helpt en ik sjoch noch in protte enerzjy en sin by him om dat ek de kommende jierren te dwaan. Dy drive sprekt my oan.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Verkiezingen