Rubriek Nummer zoveel: Politiek als middel en niet als doel

Femke Wiersma EIGEN FOTO

Op de kandidatenlijst voor de Tweede Kamerverkiezingen staan 39 Friezen; 29 mannen en 10 vrouwen. In deze aflevering: Femke Wiersma (36) uit Holwerd. Lijst 23, BoerBurgerBeweging (BBB), plek 2.

Waarom de BBB?

,,As beliedsmeiwurker fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond merk ik dat in soad minsken ûntefreden binne oer hoe’t de demokrasy wurket. Ik sjoch ek hoe’t ministers troch in soad Keamerleden út de wyn holden wurde. Tagelyk is der it wantrouwen fan it kabinet tsjinoer boargers. Dat seachst lêsten wer by de taslach-affêre. De BBB, mei minsken dy’t mei de poaten yn de klaai steane, wol it de regearing dreech meitsje. Sa heart it.”

De beste campagnetip:

,,Dat is lestich yn koroanatiid. It foardiel is dat wy in partij fan it folk binne. Sterker, wy binne it folk. In soad frijwilligers fertelle ús boadskip. En fan digitale mooglikheden meitsje wy tûk gebrûk.”

Stel dat ik word gekozen:

,,Dan bring ik it sûn ferstân nei De Haach. De polityk is foar my net in doel, mar in middel. It is tiid foar mear rjochtfeardigens. Foar bygelyks de boeren, mar ek op sosjaal mêd. Sa fyn ik dat de basisbeurs weromkomme moat. Bern fan gewoane minsken moatte in earlike kâns ha om te studearjen. Ik grypt my oan dat dit no net sa is.”

Als ik iets in Friesland kan terugdraaien, dan is het:

,,Lytse skoallen dy’t ticht moasten wer iepen dwaan. Bern moatte yn de eigen omjouwing ûnderwiis krije. Ik soe ek wolle dat der yn doarpen mear plak en stipe is foar lokale ûndernimmers. Dat is goed foar de leefberens.”

Mijn politieke voorbeeld:

,,Pieter Omtzigt. Ik fyn him fierwei it bêste Keamerlid, in luis in de pels . As de hiele Keamer fol sitte soe mei minsken as hy, dan hie ik no net op de list stien.”

Nieuws

menu