Lutz Jacobi verlaat politiek: 'PvdA heeft warme leider nodig'

PvdA-Kamerlid Lutz Jacobi uit Wergea verlaat komend voorjaar de Haagse politiek. Ze vindt het dan na bijna elf jaar welletjes.

FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Het Friese gewest had haar op nummer één willen zetten voor de komende verkiezingen voor de Tweede Kamer.

Partijvoorzitter Hans Spekman probeerde haar deze week nog op andere gedachten te brengen. ,,Maar ik zei: Hans jongen, als een vrouw nee zegt, dan bedoelt ze ook nee.’’

Ik zei: Hans jongen, als een vrouw nee zegt, dan bedoelt ze ook nee

Jacobi (60) is in de Tweede Kamer degene met verreweg het meeste bezoek; ze ontvangt jaarlijks duizend gasten, voor een groot deel uit Friesland. Dat was ook een van haar doelen bij haar entree op het Binnenhof in 2006, de politiek dichter bij de burger brengen.

Jacobi wil nu meer tijd voor zichzelf. Ook het gedoe in de partij staat haar tegen. Ze zet zich niet openlijk af tegen Diederik Samsom als lijsttrekker. Maar ze wil wel een signaal afgeven: ,,Ik hoop dat de partij een leider krijgt die warmte brengt.’’

Voorkeursstemmen

Bij de parlementsverkiezingen van 2010 stond Jacobi op plaats 26 en kreeg ze 5109 voorkeurstemmen. In februari 2012 stelde ze zich beschikbaar voor het fractievoorzitterschap van de PvdA in de Tweede Kamer en het partijleiderschap. Twee jaar later stond ze op de elfde plaats op de kandidatenlijst en haalde ze 16.082 voorkeurstemmen.

De laatste stap van Lutz

,,Lutz stoppet.’’ De mededeling is kort en helder. Het warme geweten van de PvdA stapt in maart 2017 uit de Haagse politiek. Elf jaren in elf punten.

1. Avontuur

Ik bin net fan de sleur. Ik gong hjirhinne foar it aventoer. It wie in feest, it is in feest, echt in kadootsje. Mar wurkest hast 35 oeren deis en tuskentroch noch al dy mails en al dy telefoantsjes. Ik haw der in protte wille oan mar ik bin krekt sechtich wurden. Hoe sei John Jorritsma dat ek wer? Ik wol noch ien kear in stap meitsje.

2. Koos

Myn Koos is der úteinlik wol bliid mei. Ik bin altyd op ‘en paad, ek yn it wykein. Ik kin net by it fuotbaljen komme of it is: Ha! Lutz! Foar myn Koos is dat…. (stil) Ja, dat moat soms wol freeslik wêze. Wy wolle ek wolris mei us beiden fuort. Ik mei graach werris sporte, ik hâld fan kampearjen. Je libje mar ien kear en soks heart ek by de kwaliteit fan libben. Ik haw my fertsjinstlik genôch makke, tink. En foar de partij bin ik echt net ferlern.

3. Nee

It is in proses dat al langer spilet. Ik soe earst wachtsje oant septimber. It Fryske gewestlik bestjoer woe my graach op ien sette, hartstikkene leaf hear, mar ik sis nee. Hans Spekman woe my al omprate. Ik sei: Hans, jonge, as in frou nee seit, dan bedoelt se ek nee.

Ik haw it de fraksje tiisdei ferteld. It waard even stil. It is by ús no wol de tiid fan de teloarstellings. Ik siet neist John Kerstens en dy sei: ‘Nou, daar gaat een van de laatste echte sociaal-democraten!’

4. Commissaris

Stilsitte kin ik net. Ik gean echt te wurkjen. It underwiis like my machtich, ik jou wolris les op middelbere skoallen. De soarch, it wetter, de natuer - sis it mar. Kommissaris fan de keninginne? Ha, dat soe wol unyk wêze. Der hat yn Fryslân noch noait in frou kommissaris fan de kening west. Ach, alles heart ta de mooglikheden. De gemeentlike polityk soe ik ek moai fine. Ik bin in echte folksferstjinwurdiger.

Dit binne net myn leukste jierren yn de polityk

5. Pijn

Dit binne net myn leukste jierren yn de polityk. Ik bin in minske fan de strjitte. As it oer besluten giet tink ik altyd: wat docht it mei de minsken? It ombudswurk, de skuldhelpferliening, minsken mei in lyts pensjoentsje, ik fyn dat de Haachske polityk hieltyd fierder ôfstiet fan de praktyk. Der binne in hiel soad nije regelingen, allegear makke mei de bêste bedoelingen, mar it is krekt oft alles fierder fan de minsken ôf komt te stean. En ik bin in trotse sosjaal-demokraat: dat docht my pine.

6. Dwars

It ha twa kear tsjin de JSF stimd. En tsjin de wynmûnen yn de Iselmar. Ik bin net dwers, mar dit wienen besluten dy’t ûnomkearber wienen. Ja, dêr bin ik dan fanatyk yn.

Wy ha troch myn oanjeien in soad moais berikt. Ik bin der hiel grutsk op dat wy de fjoertoerwachters op de waadeilannen behâlde koenen. Dat is in stikje Hollânske kultuer. Wy ha dy plannen yn Nieuwspoort bekonkele; ik, Joop Atsma en Frits Wester. Wy tekenen de moasje op in bierfiltsje. Hy hinget noch hieltyd yn de lift fan de Brandaris.

7. Coulissen

It moaiste wurk gebeurt efter de kûlissen. Kinst hiel wat betsjutte foar de minsken, lykas asylkwestjes yn Drachten, Burgum, It Hearrenfean, Sint Nyk. Dan sis ik tsjin in Eric ter Keurs of in Sicko Heldoorn: kom mei in petysje, soargje derfoar dat de prosedueres klopje en kom mei in busfol nei De Haach. En dan kin ik Klaas Dijkhoff oan syn jaske lûke. Soms binne je gewoan it oaljefrou-tsje.

8. Debat

It is noait dat ik sis: gottegot, wat hawwe wy dochs wer in prachtich debat hân. Nee, dêr genietsje ik net echt fan. It giet om wat der besluten wurdt. Wat je foar de minsken betsjutte kinne. Ik mei wól graach foarsitter wêze, om de gong der wat yn te hâlden. Der wie lêsten in debat oer de nije Kieswet mei Ronald Plasterk, dêr stienen twa oeren foar. Ik wie mei in healoerke klear. Fyn ik moai.

9. Verkilling

Froeger stûn de boade jo mei in big smile op te wachtsjen yn it Keamergebou. Tsjinwurdich wurdst yn de kompjûter ynscand. Ek yn de noardlike lobby is der in ferkilling optreden. De waarmte tusken minsken, dy mis ik. Ik besykje sels dan mar in soarte fan tsjinmacht te wêzen. ‘Verbeter de wereld, begin bij jezelf’, tink ik dan.

Ik woe de demokrasy tichter by de boarger bringe, ik haw hast eltse dei besite, dat is wol slagge, tink. Soms komme se mei bussen fol. Ik haw it ris útrekkene: der komme sa’n tûzen per jier op myn útnoeging nei De Haach. Se seinen hjir al: it wurdt aanst hartstikkene stil yn it gebou.

10. Samsom

Ik hoopje dat de partij in lieder krijt dy’t waarmte bringt. Ik wol net prate oer poppetsjes, ik hâld der net fan om ien ôf te baarnen. Ik sis net: Diederik Samsom moat it net wurde. Mar ik jou no wol in sinjaal ôf. Ik fyn it welletjes.

Fansels: ik soe my melde kinne as listlûker. Dat haw ik earder dien. Mar dat soe ik dan allinnich dwaan om se wer angst oan te jeien. Hahaha.

11. Media

Yn 2012, doe ’t ik meidie oan de listlûkersferkiezings, doe wienen der in pear lanlike media, dy skriuwen hiele nare dingen oer my, wylst se my net sprutsen hiene. Dat docht my echt gjin meuk hear, dat net. Mar dat je sa in byld fan minsken meitsje kinne! Dat hat my doedestiids echt ferwûndere.

En doe kamen Frits Wester en Wouke van Scherrenburg yn Pauw en Witteman en dy roemden myn uniciteit , it wie hast in sjarme-offensyf, en ynienen draaide it byld yn de media hielendal by. It is allegear sa, eh… It is sa lééch.

It wit noch, ik siet oait yn it âlde stadion fan SC Heerenveen, en dêr hong in spandoek ‘Foppe rot op’. Ik hie de triennen yn de eagen. Jierren letter waard Foppe hast hillich ferklearre. Sa is it ek yn de polityk. Moatst in oaljefantehûd hawwe. Dat haw ik. Mar net foar de minsken dy’t my dierber binne.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland