Jikke Olivier skriuwt yn debútroman oer in dûbeld taboe

In frou dy’t harsels te koart docht en in achterbleaune man dy’t nei in healjier al wer in nije relaasje hat. In dûbeld taboe. Jikke Olivier doar it wol oan yn de dizze wike by de KFFB útkommen roman Skuld.

Jikke Olivier: ,,Ik hoopje dat der minsken binne dy't echt wat oan it boek hawwe.'' FOTO NIELS DE VRIES

Jikke Olivier: ,,Ik hoopje dat der minsken binne dy't echt wat oan it boek hawwe.'' FOTO NIELS DE VRIES

Se is oeral let mei, seit se, dat jildt net allinne foar har debút as roman-skriuwster. Jikke Olivier út Kollum rûn al nei de 40 doe’t se har earste kursus Frysk by de Afûk folge. Mar doe’t se de smaak ienkear te pakken hie, hat se wol daliks trochset. En goed ek. Nei de diploma’s A, B en C en it didaktysk foech by de Afûk helle se har bachelor Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL) en joech se Afûk-kursussen en les oan skoallen yn Burgum en Surhústerfean en oan de pabo yn Ljouwert.

Nieuws

menu