It Skriuwersboun: fan rebûlje nei belangebehertiging

De earste jierren tilde it op fan de konflikten en duorren de gearkomsten faak oant yn ’e lytse oerkes, letter bedarre it yn rêstiger farwetter. Tongersdei fiert it Skriuwersboun yn Grou syn 50-jierrich bestean.

Nearnewrâld, it doarp fan tekener Laurens Bontes en it Skriuwersboun.

Nearnewrâld, it doarp fan tekener Laurens Bontes en it Skriuwersboun. ILLUSTRATIE LAURENS BONTES

Fan de achttjin leden dy’t har by de oprjochtingsgearkomst op 22 maart 1969 fuortendaliks as lid opjoegen, binne trije dat noch altyd: Meindert Bylsma, Pier Boorsma en Pieter de Groot. De beide lêsten foarmen, sûnder it te wollen, mei de oanlieding foar de oprjochting fan in belangenorganisaasje foar Fryske skriuwers.