Fryske dichters bringe Denemarken yn 'e kunde mei Fryske poëzij

Sêft, rûn en muzikaal, dat wie it oardiel fan de Denen oer de Fryske taal. It Nederlânsk hie mear fan it rocheljen fan in hûn, mienden se. Fjouwer Fryske dichters brochten Denemarken yn ’e kunde mei de Fryske poëzij.

Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Elmar Kuiper. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Elmar Kuiper. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Foarsafier bekend hat noch noait in delegaasje Nederlânske dichters Denemarken oandien. Nammerste opmerkliker dus dat Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foarige wike trije optredens fersoargen yn Aarhus en Kopenhagen. Mei as resultaat dat moai wat Deenske poëzijleafhawwers no witte hoe’t Fryske poëzij klinkt sûnder dat se oait in wurd Nederlânsk heard hawwe.

Nieuws

menu