Dichter fan Fryslân: Nijmakke-âld

FOTO PIXABAY

Eeltsje Hettinga uit Leeuwarden is de provinciedichter van Friesland. Zijn derde gedicht in die hoedanigheid is geschreven ,,yn it ramt fan it debat oer orgaandonaasje’’.

Nijmakke-âld

Almost blue, Chet Baker

Nijmakke-âld herberget dyn hert
in lytse jazz ûnder jong febrewarisljocht.

In frou (it brein dea, de siken derút)
joech dy it lichem syn tiid, gong en slinger werom,

do, fluitsjend no de grêften del, it hert
in triljen sûnder roai, tromjend as gjin oar.

Yn de kroech by de Aldhou, earder
in roukeamer, wurdt frege: En

fielsto har ek, djip yn murch en bonken,
en hearsto ek de neigalm fan

har herteklop, bywannear’t
de Dode Zielen oer de loften geane, want

miskien wol net wérklik it brein dea?

Sst... se is my de beker fan âlde tabernakels,
har wetter, myn wyn.

Hear hoe’t ûnder yn it kafee Chet Baker
traach, omtrint ûnderierdsk,

it liet blaast dat yn de ein syn begjinnen fynt.

EELTSJE HETTINGA

Nieuws

Meest gelezen