Blik vooruit: negen jongeren over het nieuwe jaar

Wat verwachten jongeren van 2021?

Was 2020 wel echt een verloren jaar door de coronapandemie? Negen twintigers vertellen over hun plannen voor 2021 en de invloed die het afgelopen jaar daarop heeft gehad.


Marije Hoogland uit Oudemirdum, werkt als brood- en banketbakker

,,Ik ha my eins net sa drok makke oer it koronafirus. Ik sit yn de libbensmiddels, dat wurk giet altyd troch. Myn freon en ik ha moai sparje kinnen foar in eigen húske, dat is dochs wol ús grutte winsk foar 2021. Yn novimber hoopje ik dat wy mei Muziekvereniging Melodia te Wijckel noch it jubileumkonsert spylje kinne om’t wy yn 2020 95 jier besteane.‘’

Simone van Wier uit Peins, studeert rechten

,,Ik ferwachtsje noch net tefolle fan 2021, it sil wol net samar wer gewoan wêze. Ik gean it lêste jier fan myn stúdzje yn en it earste jier fan rechtsgeleerdheid oan de universiteit. Mei freondinnen hie ik yn 2020 besluten nei festivals te gean yn stee fan op fakânsje, ik hoopje dat we dy tickets kommend jier brûke kinne. Ik tink dat it in hiel bysûnder jier wurdt wannear’tst wer foar it earst op stap giest en út iten en sa.‘’

Petra Lycklama à Nijeholt uit Langezwaag, studeert voor decoratie- en restauratieschilder en heeft eigen bedrijf

,,Yn prinsipe koe ik yn 2020 alles dwaan dat ik dwaan woe, ik ha mysels op persoanlik flak ûntwikkele en hoopje dat troch te setten yn 2021. Troch korona hie ik mear tiid om te skilderjen en koe ik myn eigen bedriuw begjinne. Kommend jier wol ik noch folle mear skilderje en fia Facebook en Instagram sjen litte wat ik doch.‘’

Mireille Estelle Kroon uit Bolsward, studeert voor onderwijsassistent

,,Myn freon bout in tiny house, wa wit kinne we dêr yn 2021 tegearre wenje en is der ek plak foar in Frysk hynder, dat is myn dream. Ik hoopje te slagjen foar myn stúdzje en fuortendaliks oan it wurk te kinnen. By myn opa en pake is yn 2020 kanker fêststeld. Ik hoopje dat we kommend jier mei pake en de hiele famylje op fakânsje kinne en dat se beiden in goeie âlde dei ha.‘’

Lammert de Vos uit Jirnsum, heeft een eigen bedrijf Pastry by Lammert in patisserie producten

,,Ik fyn 2021 bêst spannend, ik hoopje dat it faksinaasjeprogramma goed útpakt. Om’t ik myn baan as sjef-kok kwytrekke bin, haw ik myn eigen bedriuw start yn 2020. It wie in echt gefal fan elk nadeel heeft zijn voordeel. Der binne kommend jier twa opsjes: of ik groei fierder mei myn bedriuw sadat ik der fan libje kin, of ik gean wer yn ’e hoareka wurkjen.‘’

Danielle Brouns uit Dokkum, studeert human resource management en werkt in de horeca

,,Eigenlijk kijk ik heel positief naar het nieuwe jaar. Ik hoop dat de vaccins er dan zijn en we weer een beetje een gewoon leven krijgen. Corona was in 2020 wel een klap voor het sociale leven. Met mijn vriend ben ik ons nieuwe huurhuis aan het opknappen, we hopen volgend jaar samen weer een heel mooi zomerseizoen te draaien bij ‘T Raedhûs, waar we beide werken.’’

Inger van Bruggen uit Burgum, studeert social work en geeft dansles

,,Ik jou dûnsles oan bern en hoopje dat de dûnsoptredens wer trochgean kinne. Ik mis foaral de sosjale kontakten, ik wenje op keamers yn Grins en no komst gjin nije minsken tsjin, dat is dochs wol watst ferwachtest fan dyn studintetiid. Yn 2021 sil ik tink foaral mear genietsje fan de dingen dy’t ik dit jier net dwaan koe.’’

Anke Jensma uit Oosternijkerk, studeert journalistiek en is freelance redacteur bij Zo Zit Dat en Tina

,,Myn tinkwize is troch korona wol feroare. Begjinst dingen dy’t foarhinne fanselssprekkend wiene mear te wurdearjen. Ik hoopje dat ynsjoch yn it nije jier ek mei te nimmen by myn ôfstudearjen, dat ik derneist ek genietsje kin fan de lytse dingen. Ik hie dit jier in hiel soad konserten op de planning stean, ik tink dat dy yn 2021 ek noch net trochgean kinne omdat je wachtsje moatte oant elkenien yninte is mei it faksin.‘’

Antoinnette Bouw uit Leeuwarden, studeert bedrijfskunde

,,Ik hoop dat er volgend jaar meer vrijheid komt, maar ik verheug me er nog niet op. En ik ben op zoek naar een nieuwe bijbaan, bij veel vacatures is het een vereiste om thuis te werken. Dat maakt het wel lastiger want ik woon in een studentenpand, dan heb je nog wel eens last van elkaar.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Fotoserie