Ynternette, googelje en mear: help foar Frysk online

De hifker van Frysker.nl.

De wichtichste websiden en online helpmiddels binne ek yn it Frysk beskikber. In oersjoch.

Webbrowsers

,,Elkenien fertsjinnet tagong ta it ynternet – jo taal mei nea in barriêre foarmje. Dêrom stelle wy – mei help fan tawijde frijwilligers oer de hiele wrâld – de Firefox Browser beskikber yn mear as 90 talen.’’

www.mozilla.org/fy-NL/firefox/

Hast Firefox al, mar yn in oare taal as it Frysk, brûk dan de add-on:

https://addons.mozilla.org/fy-NL/firefox/addon/dictionnaire-frison/

Ek de websneuper Vivaldi is yn it Frysk beskikber:

https://vivaldi.com/

E-mail en aginda

it e-mail- en agindaprogramma Thunderbird is ek al jierren yn it Frysk te brûken op Windows, Linux en MacOS. Mear ynformaasje en downloads op:

https://www.thunderbird.net/fy-NL/

Wikipedia

,,De frije ensyklopedy dêr’t elkenien syn kennis op hokfoar mêd dan ek yn diele kin mei oaren.’’

fy.wikipedia.org/wiki/Haadside

Googelje

Sykje mei Google.

www.google.nl/?hl=fy

Facebook

Facebook yn it Frysk? Ek dat kin. Gean nei ynstellingen en privacy, kies foar taal en pas oan.

facebook.com/settings

Frysker

,,Taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk prate, skriuwe en publisearje wol.’’

frysker.nl

Office

It kantoarpakket LibreOffice kinst yn it Frysk brûke, ek mei in staveringshifker deryn.

http://libreoffice.org

Oersette

De app fan Frysker.nl is Oersetter

Download him by Google Play of yn de App Store

Staveringshifker foar Office

Download de Fryske staveringshifker foar Word, Outlook, Excel en Powerpoint.

https://taalhelp.frl/folwoeksenen/wurdboek-en-taalhelp/microsoft/

Spraakassistint

Mozilla Common Voice, in projekt dat helpt om stimwerkenning foar elkenien iepen en tagonklik te meitsjen.

voice.mozilla.frl

Berjochte-app

De berjochte-app Signal is ek yn it Frysk te brûken op Android-tillefoans.

Downloaden in Play Store

Oanfullings foar dit oersjoch? Mail nei linda.zeggelaar@lc.nl

Nieuws

menu