'Bingo!' Tamara Schoppert spilet 'hyperrealistysk' stik mei bingokaartsjes en al. Om it petear oer earmoede, skamte en grutskens op gong te krijen
Soms ha minsken net iens troch dat Tamara Schoppert toaniel spilet, yn Bingo! ,,Dat is in goed teken.” Dizze foarstelling oer earmoede, skamte en grutskens giet no yn it Frysk.

Tamara Schoppert yn Bingo! ,,It is in foarm fan hyperrealisme." Foto: Ruben van Vliet
Lees meer over
Tamara Schoppert en ik treffe inoar yn it gebou fan Tryater. Want Bingo! , de nije, Frysktalige fersy teminsten, valt ûnder dat selskip. It wie earst yn it Nederlânsk, troch Schoppert har eigen klupke: Ploech en eide.. Herman van de Wijdeven is de skriuwer. ,,Mar wy seine al hiel gau: dit soene wy ek yn it Frysk spylje moatte.”