Oangripend 'Gare de Lyon': in libben lang skieden | resinsje

Stapel fereale en dan wreed skieden wurde troch de oarloch: Gare de Lyon is in oangripend stik dat de ûntwrjochting fan de libbens fan gewoane minsken troch oarloch taastber makket.

In sêne út 'Gare de Lyon'.

In sêne út 'Gare de Lyon'. Foto: Niels Westra

Lees meer over
Theater en musical

Bert Sinnema fan Wergea seach de foarstelling Gare de Lyon yn 2017 en wist fuortendaliks dat hy der wat mei woe. It stik is skreaun troch Wies Venmans dy ‘t it ferhaal út de earste hân optekene en der in mingfoarm fan drama en fertelteäter fan makke. Yn de Nederlânske ferzje waard it spile troch twa akteurs, mar yn de Fryske oersetting fan Sinnema is it geskikt makke foar fjouwer akteurs.

Fersetsstrider