The Rolling Stones yn it Frysk: pine en libbenskrêft

The Rolling Stones tijdens een optreden in Brazilië. FOTO AFP

Us oprop om ferskes fan The Rolling Stones yn it Frysk oer te setten hat in protte minsken oan it wurk setten.

Wy krigen tsientallen oersettingen tastjoerd. Tige tank dêrfoar. Foar de beoardieling ha wy in sjuery oan it wurk setten ûnder lieding fan Hein Jaap Hilarides: dichter, skriuwer, muzikant en oersetter fan de teksten foar de cd Stones yn it Frysk fan The Hangouts (2013).

Hy gunde de earste priis, twa kaartjes foar de Stones-tentoanstelling Unzipped, oan Tsjisse Hettema foar syn oersetting fan Moonlight Mile. ,,Stoer en dochs oandwaanlik”, seit Hilarides dêroer. ,,In man dy’t syn pine ûnderfynt en dêr syn libbenskrêft út hellet. De essinsje fan de blues, en fan de Stones.” Op dizze siden ek in seleksje út de oare yn-stjoeringen.

Ljochtmoanne Waar (Moonlight Mile)

As de wyn waait en de rein fielt kâld
mei de holle fol snie
yn it rút stiet ien dy’st kinst
en de nachten wolle mar net om

it lûd fan frjemden dat my neat docht
ien fan dy drokke dagen ûnderweis
ik libje allinnich mar om by dy te wêzen
mar ik ryd hjir by ljochtmoanne waar lâns de dyk
makke in rotsoaitsy fan myn sneinse klean
dy’t my waarm hâlde sil

de radio falt stil
en lit de lûdsgolven frij
oh, ik sliep op frjemde kusten
ien fan dy drokke dagen ûnderweis

myn dreamen gliidzje út it sicht by de spoarbaan del
mar ik ryd hjir by ljochtmoanne waar lâns de dyk

ik ferstopje my suster en ik dream
ik riid ús ljochtmoanne waar bydel
ik ferstopje my leafste en ik dream

lit dy gean no, kom op leafste
ja, lit dy gean no
ja, kom op my leafste
ja, flugger ja
ja, ik kom ek
want ik ryd hjir by ljochtmoanne waar lâns de dyk
ûnderweis

TSJISSE HETTEMA

In trien swellet op (As Tears Go By)

De skimer falt sêft oer it lân
In pearke kuiert hân yn hân
Alhiel fereale, protte wille
Ik fiel my finzen
In trien swellet op
Ik lit him gean.

’k Ha alles wat myn hert begeard
Yn beheining libje docht sa sear
Al wat ik hear, is it nijs
Fan alle ûnstjûr yn’e wrâld
In trien swellet op
Ik lit him gean.

De skimer falt sêft oer it lân
Ûnmjitlik lok streamt troch har hân
Al wat ik sjoch, bliuwt in dream
Giet oan my foarby
In trien swellet op
Ik lit him gean.

ANNEKE WIND

Mem har lytse feintsje (Mother’s little helper)

‘Wat in griis, ik fiel my út ‘etiid …

Al dy bern, dy binn’ net wiis!’
Seit ús mem. ‘It is in griis!
Mei dat hier sa yn ’e tiis, dyfrjemde klean.’
Dat sy better wurde sil, jout de dokter har in pil
En sa draaft sy wer in eintsje mei har lytse, leave feintsje
Fan sa’n piltsje wurdt sy bliid– en it helpt har troch de tiid

‘Al dy minsken binn’ net wiis!’
Seit ús mem. ‘It is in griis!
Tillevyzje, ynternet, de polityk.’
Dag en nacht har tillefoan – en dat fynt sy hiel gewoan
En sa sliept sy wer in eintsje mei har lytse, leave feintsje
Fan twa piltsjes wurdt sy bliid – en it helpt har troch de tiid

‘Dokter, mear! It docht sa sear!’
Dan op nei hûs – in nije rûs
‘Wat in griis, ik fiel my út ‘etiid …’

‘Al dy manlju binn’ net wiis!’
Seit ús mem. ‘It is in griis!
‘In man fan iis kin noait begripe wat ik fiel:
Wat ik sis jout him gjin sier –hy hat syn maten en syn bier.’
En sa rint sy wer in eintsje mei har lytse, leave feintsjes
Fan dy piltsjes wurdt sy bliid– en it helpt har troch de tiid

‘Dokter, mear! It docht sa sear!’
Dan op nei hûs – in nije rûs
‘Wat in griis, ik fiel my út ‘et iid …’

‘Myn hiele libben yn ‘e tiis!’
Seit ús mem. ‘It is in griis!
In fleurich famke wie ik niis – no is ’t foarby.’
In sigaret, in gleske wyn, delêste pillen gean der yn
En sa dreamt sy ’t lêste eintsje mei har lytse, leave feintsje
Fan sa’n piltsje waard sy bliid – en it holp har út ’e tiid

SYB HARTOG

 

Eise (Angie)

Eise, Eise, witste, it is alwèr safier
Eise, Eise, ’k sit mei myn hânnen yn it hier
Sûnder leafde yn ús hert
En ek jild, dat ha wy net
Kinst wol sizze: ’k ha myn nocht
En Eise, Eise, we ha ’t al hûndert kear besocht
Eise, bist myn alles, mar gean, wurdt dat no net ris tiid?

Eise, ik bin fereale,
Mar tink werom oan ús fertriet
Alle dreamen us sa nei
Mar se duorren mar in dei
lit myn mûle by dyn ear

Eise, Eise, gean wy troch as is it klear?
O, Eise, gûl mar net
Fan dyn tuten ha’k ferlet
Ik wit it: bist net mear sa bliid
Dat Eise, Eise, gean…wurdt dat no net ris tiid?

Sûnder leafde yn ús hert
En ek jild, dat ha wy net
Kinst wol sizze: ’k ha myn nocht
Mar Eise, ’k bin noch sa fereale
Oeral wêr’t ik bin, sjoch ik dij gean
Der is gjin mand y’t my sa nei is
Kom op, leafste, sjoch my stean

Mar, Eise, Eise, hast do noch wol wat libbensnocht?
Eise, Eise, wy ha’t al hûndert kear besocht

RIA BOS-JOOSTEMA

Sy glimke leaflik (She Smiled Sweetly)

Wêrom fiele myn tinzen sa swier altyd?
Dei nei dei nei dei giet dat troch -
It hâldt mar net op; ’k ha fan alles al besocht ...

Refrein: Mar sy glimke leaflik, sy glimke leaflik, sy glimke leaflik, en sei: ha gjin noed - ’t komt allegear goed ...

Wêryn harsels, soe sy it in plakje jaan?
Dat wat har frede bringt, nachts en oerdeis -
Ik kin ‘t net befetsje, ik sit der mar mei ...

Refrein

Brêge: It giet net om ‘wêrom’ of ‘wannear’-
Probearjen hat gjin doel - do bist hjir,
Skoaiend om mear - opnij wolsto mear

Dat is wat se sei, sa sêftkes -
Foar’t earst yn myn libben hie ik it troch
Enit fielde goed en dat docht it noch ...

Refrein

’t komt allegear goed - ’t komt allegear wol goed

NANNE KALMA

Tsjusteras de nacht (Paint It Black)

It is moai waar hjoed, mar it hoecht om my net mear
Ik wol gjin ljocht mear sjen, myn eagen dogge sear
It is hjoed rokjesdei mar ’t giet oan my foarby
Ik kin der net nei sjen, it leit folslein oan my

De auto’s dy’t ik sjoch, bin swart en sûnder sfear
Mei blommen en myn skat dit is de lêste kear
Net ienwol my mear sjen, se sjogge net nei my
Lykas de ierde draait, bart dit ek eltse dei

Iksjoch ris nei mysels en sjoch myn swarte kant
De sinne baarnt fûl, mar is my te dominant
Miskien gean ik wol fuort, dan ha ’k gjin soargen mear
Hoe hâldst de moed deryn mei tsjinslach iderkear

De moaie blauwe see wurdt nea sa blau as doe
Ik koe foarút net sjen wat dy oerkomme soe
Koe ’k mar de sinne sjen, dy’t delgiet yn ’e see
Dan sil’ wy laitsje en is alles wer okee

It is moai waar hjoed, mar it hoecht om my net mear
Ik wol gjin ljocht mear sjen, myn eagen dogge sear
It is hjoed rokjesdei mar ’t giet oan my foarby
Ik kin der net nei sjen, it leit folslein oan my

Hmm,hmm, hmm, hmm etc

De loft moat wêze tsjuster as de nacht

Swart as roet, swart en leech
Ik wol gjin sinne sjen, net mear heech oan ’e loft

De loft moat wêze, tsjuster, tsjuster tsjuster as de nacht

TINEKE HOEKSTRA

Hûndert jier lyn (100 Years Ago)

Lêstlyn wie ik bûten foar in kuier yn de bosk
En de wrâld wie in loper fierfoar my út
De knoppen brutsen iepen en de lucht rûkte swiet en singelier
Like wol in hûndert jier lyn

Marie en ik, wy sieten boppe op in hikke
Samar te stoarjen nei in draak dêr yn ’e lucht
Sokke leafdefolle dagen, wy hiene neat stikem ferburgen
Och, it like wol in hûndertjier lyn

No laitsje al myn freonen fynbesoarge glimkes
Sy libje in dream fan wat sy wienen
Fynsto net dat it bytiden better is net op te groeien?

Lêstlyn wie ik bûten foar in kuier yn de bosk
Sjochst de ferrekte tearen net op myn kop?
Sokke leafdefolle dagen wy hiene neat stikem ferburgen
It liket no wol in hûndert jierlyn

No, asto my minne readewynsûpen sjochst
Prakkesearje dan net oer dizze man dêr’tsto fan hâldst
Fynsto net dat it by tidenbetter is net op te groeien?

Silst tútsje en ôfskied nimme, yeah, dat wik ik dy
Silst tútsje en ôfskied nimme, yeah, dat wik ik dy
Silst tútsje en ôfskied nimme, och Heare, soks wik ik dy
Nim it my net kwea-ôf wylst ikmy ferbergje

Neam my in loaibûse, ik ha gjin tiid om te ferdwaan
Loaibûsen hawwe nea gjin tiidom te ferdwaan
Fynsto net, fynsto net dat itsawat tiid is om te ferbergjen?

Tútsje dyn popke
Tútsje dyn popke
It bêste, it bêste

LOMME SCHOKKER

Je kunt deze onderwerpen volgen
Muziek
Friese taal en cultuur