Wat ons trof in 2020: Fryske poëzy

De omslag van 'Fjoertoer yn it wâld' van Arjan Hut.
2020 wie in ryk poëzyjier, mei nij wurk fan ûnder oaren Piter Boersma, Eppie Dam (gedichten by abstrakte lânskippen fan Johan Haanstra), Elmar Kuiper, Simon Oosting en Geart Tigchelaar. En net te min oersette poezy, lykas de Poetyske Edda, Slauerhoff en de Amearikaanske outlaw en beatpoets.
1. Blaumelly – Abe de Vries
Syn tsiende, foarmfêste bondel, dêr’t de Vries frij nochteren, beskôgjend en yngeand dichtet oer hûs en hiem en oer de wrâld om him hinne en hoe’t it is te dichtsjen yn in lytse taal: ‘En dan twaris klopje op ’e doar, en ‘nim my net kwea ôf’ sizze. As boanus: alve oersettingen fan dichters út de wrâldliteratuer, sa as Robert Frost.
2. Lippebiter fan L – Anne Feddema
Syn poëzy is muzikaal, triviaal, tearhertich, lyrysk en ferheven. Sá docht er ferslach fan syn berte: ‘As in wiet keal / Yn in flues / Kom ik komyk / Nei in lange tocht / Wer thús / Ik skop mei skonkjes / Wát in drok jonkje! / In feintsje dryst / Dat wurdt artyst.’
3. Fjoertoer yn it wâld – Arjan Hut
Nijsgjirrich hoe’t Hut in oar bewustwêzen talit, dêr’t er tahâld yn in soarte fan tuskenwrâld, dêr’t dream en werklikheid hân yn hân rinne en de bylden ûntsprute út in mjuks fan (sintúchlike) yndrukken: ‘ik klak ien kear / en nochris / en út de flammen / fan de fjoerkoer springt / in fjouwerspan.’
Tip
Myn binêre koade – De debútbondel fan Friduwih Riemersma.
ELMAR KUIPER