Catharina Lautenbach wist op har seisde al dat se skriuwer woe wurde: 'Dêrom is it ek sa apart dat ik pas debutearje as Frysk skriuwster no’t ik 57 bin'

Cathrina Lautenbach: ,,Dat Frysk wie in kado, myn kreativiteit fleach alle kanten út.’’ FOTO RENS HOOYENGA

Se koe noch net iens alle letters fan it alfabet – har broers Jan en Jelle neamde se dêrom Aaf en Eef – doe’t se har earste ferhaaltsje skreau. Sa djip woartele it langstme yn har om te skriuwen. Lykwols soe it noch goed fyftich jier duorje ear’t fan Catharina Lautenbach it earste Fryske boek útkomt: Fûgels yn ús.
Lees meer over
Boeken

Sy en har man steane in pear dagen mei de caravan op camping De Noordster yn Dwingeloo. Dat dogge se wol faker, safolle kampearterreinen telt Nederlân net dy’t winterdeis iepen binne. Catharina Lautenbach wennet yn it Gelderske Lochem, dat yn Dwingeloo is se al moai wat tichter by har bertegrûn as oars . ,,Ik bin al fjirtich jier út Fryslân wei, dat hearst wol oan myn Frysk. Ik moat soms echt om it goede wurd sykje.’’

Se komt út in slachte fan bakkers. Oerpake Folkert wie bakker, har heit wie it ek. Oant 1961. ,,Doe hearde er op ’e radio dat supermerken tastimming krigen om bôle te ferkeapjen. Hy tocht: dan kin ik wol ynpakke. Se binne fan Boerum nei Drachten ferhuze. Philips wurke as in magneet op minsken dy’t wurk sochten.’’

Philips hie him yn Drachten festige fanwegen de goede arbeidsmentaliteit fan de minsken yn it Noarden. Moai meinommen wie dat der in soad jonge froulju yn Drachten en omkriten wiene en dat krekt dy hiel geskikt wiene foar it fine nifelwurk yn it fabryk.

Catharina Lautenbach: ,,Mei allinne jonge froulju rêde Philips it net, dat al gau kaam der ek in ‘gehuwde dames-afdeling’. Us mem hat dêr fakânsjewurk dien. Dat wie tsjin it sin fan ús heit, want dan like it krekt as soe hy de kost net fertsjinje kinne. Mar ús mem sette troch en it befoel har sa goed dat se dêr oant har pinsjoen bleaun is.’’

Misbrûk

,,Aaf en Eef hadden een hamstr en die hamstr had jongngun gekreegun ze hadden de ogjes al oppen ze gingngun al loopnun.’’ Dat wiene de earste stappen fan Catharina Lautenbach op it skriuwerspaad. Se siet in healjier op skoalle en har beheinde kennis fan it alfabet koe har der net fan wjerhâlde om har earste ferhaaltsje te skriuwen.

Doe’t se acht wie makke se har earste boek. Se knipte stikjes en tekeningen út har skoalskriften en plakte dy yn in skrift mei in hurd kaft. Se hat it altyd bewarre en dêr is it ek oan te tankjen dat se har alderearste ferhaaltsje noch altyd hat.

,,It is fermaaklik om te sjen hoe’t ik skreau yn de styl fan de berneboeken dy’t ik lies. Dêryn wie it libben op in doarp folle moaier en suverder as yn ’e stêd. Dêr wie it altyd drok en smoarch. Yn myn boek wie it krekt sa. In jier letter, doe’t ik njoggen wie, ha’k in berneboek fan 150 siden skreaun, mar dat is spitich genôch weirekke.’’

Nei in tuskenjier as útwikselingsstudint yn Noarwegen is se nei Grins gien om rjochten te studearjen. Nei har ôfstudearjen wie se as jurist ferbûn oan fakbûn ABVA-KABO en de gemeente Apeldoorn, op’t heden is de beliedsadviseur by ROC van Twente.

Catharina Lautenbach mei dan jurist wurden wêze, as famke fan seis wist se al wat se echt wurde woe: skriuwer. ,,Dêrom is it ek sa apart dat ik pas debutearje as Frysk skriuwster no’t ik 57 bin. Hast ek yn de skriuwerij perioaden fan winter en simmer, mar ik ha altyd wol wat trochskreaun. As puber wiene dat deiboeken, letter ek wol gedichten. Doe’t ik yn Noarwegen siet, skreau ik in soad brieven. Ik wie tritich, doe ha’k in roman skreaun, mar dêr ha’k noait in útjouwer foar fine kinnen. It gie oer misbrûk yn tsjerke, dat lei doedestiids noch gefoelich. No hoech ik der net mear mei oan te kommen, no is it as ûnderwerp foar in roman folslein útkôge.’’

Perpleks

,,Yn 2008 wie it yn opkomst om jins eigen heit en mem te ynterviewen. It soe skande wêze, wie it idee, as alle ferhalen fan dy generaasje ferlern giene. Der ferskynden ek boeken – Pap vertel eens en Mam vertel eens - dy joegen dy as skriuwer in struktuer om it libben fan dyn âlden yn kaart te bringen. Der stiene bêst brûkbere tips yn, mar myn earste reaksje wie: ús heit is gjin pap.’’

,,Yn dy tiid lies ik ek It wrede Paradys fan Hylke Speerstra. Dêr stie ûnder oare in ferhaal yn oer in emigrante-echtpear dat der al fjirtich jier fan dreamde Fryslân noch werris te sjen. Dy langst waard mei de jierren allinne mar sterker. Mar doe’t it einlings safier wie, foel it ferskriklik ôf. Alles wie oars as doe’t se Fryslân ferlitten hiene, it like derop dat se folslein desyllusjonearre wer op hûs oan moasten.’’

,,Alles waard oars doe’t de bernsbern pake en beppe fregen om har alle plakken fan eartiids sjen te litten en dêroer te fertellen. Doe foel alles ynienen op syn plak. Dy bern hiene belangstelling foar harren ferhaal en dy belangstelling makke alles goed.’’

,,Ik tocht: dat moat ik ek dwaan. Dat ik bin mei ús heit en mem nei Boerum, Drachten en oare plakken riden en ik haw har alles fertelle litten wat har yn ’t sin kaam. Us heit hie safolle te fertellen, dat ik tsjin him sei: skriuw it op. In jier letter krige ik 25 printe feltsjes fan him, de rigels stiif op elkoar. Ik mocht der pas wat mei dwaan as er dea wie, sei er.’’

,,Ik lies it en ik stie perpleks. Ik hie noait tocht dat er sa skriuwe koe. En dan ek noch yn behoarlik geef Frysk. Hy koe him bygelyks noch oant yn detail yn ’t sin bringe wat er as jonkje fan fiif fan Jezus tocht hie. Fan de literêre stylblomkes yn de natoerbeskriuwingen sloech ik soms steil achteroer.’’

,,Hy is fierder gien mei skriuwen, mar mear as tsien siden binne der net mear bykommen. Hy waard siik, midden yn in sin is er opholden. Hy hie noch wol beskreaun hoe’t er mei ús mem yn ’e kunde kommen wie, mar oan de eigentlike ferkearingstiid is er net mear takommen.’’

,,Dat fûn ik ferskriklike spitich, mar ik hie it gelok dat ús mem der noch wie. Dy ha’k noch in oantal kearen ynterviewd. It moaie fan de ferslaggen dêrfan is dat, as ik dy lês, ik de stim fan ús mem wer hear. Dat haw ik ek mei de stikken dy’t ús heit skreaun hat.’’

Sels baas

Catharina Lautenbach lies in boek fan sjoernaliste Jannetje Koelewijn oer dy har famyljeskiednis en besleat ek trije generaasjes fierder werom te gean. Der bestie al in boek mei de titel Lautenbach Vier Eeuwen Familiegeschiedenis . Dat hoegde se net oer te dwaan, se koe – nei in koarte gearfetting fan dy fjouwer iuwen – begjinne mei har oerpake Folkert Lautenbach, bakker yn Kûkherne. Ek hat se de famyljetûke fan har mem yn kaart brocht.

Dy skiednis is in oanienskeakeling fan moaie en tragyske ferhalen oer ûnechte bern, fallisseminten, alkoholferslaving en oare ellinde. ,,Sels baas wêze’’, dat rint neffens Catharina as in reade tried troch de skiednis fan de Lautenbachs. ,,Se wiene tsjerks, mar se wiene ek eigensinnich en anti-autoritêr. Dat sjochst yn alle generaasjes werom.’’

Se joech it boek ûnder de titel Zelf baas zijn út yn eigen behear. It is no allinne noch as eBook te krijen.

Ien fan de ferhalen út it boek tsjinne as basis foar har earste koarte ferhaal, De bile fan Jagersma . It gie oer de heit fan har mem, dy’t op ’e wrâld kommen is as bastert. Syn mem, Gerkje Booi, gie mei skrobbers en bjinders by de doarren lâns. It bern dat se op in dei krige, waard – om’t Gerkje der alle dagen op út moast – grutbrocht troch pleechâlden.

De heit fan it bern soe neffens de ferhalen in rike boer wêze - Jan Modderman fan Drachtster Kompenije - dy’t letter by in oerfal om it libben kommen is. De skriuwster hat dat part fan de famyljekskiednis omwurke ta in fiktyf ferhaal. ,,Myn broer Jan hat it oerset yn it Frysk. Dat wie yn 2016. Ik hie der noait wer nei sjoen, oant ik it trije jier letter by it opskjinjen fan myn kompjûter wer tsjinkaam. Ik haw it opstjoerd nei literêre tydskrift Ensafh. Dy hawwe it pleatst. As se dat net dien hiene, wie ik noait Frysk skriuwer wurden.’’

Wurdskat

Se krige troch dy publikaasje de smaak fan it koarte ferhaal en fan it Frysk te pakken. ,,Ik hie noch wat ferhalen lizzen, dy haw ik oerset, en ik bin oan nije ferhalen begûn. Om myn Fryske wurdskat te fergrutsjen lies ik wat faker in Frysk boek en alle wurden dy’t ik net koe of gewoan moai fûn, skreau ik op.’’

,,Dy listen mei wurden en siswizen makken my hiel kreatyf. Fan in moai wurd makke ik in sin en dat wie soms wer it begjin fan in ferhaal. Dat Frysk wie in kado, myn kreativiteit fleach alle kanten út. Myn suster Hilleke waard myn redakteur. Mei har prate ik de ferhalen troch, as sy de ein fan in ferhaal net ferrassend genôch fûn, betochten wy hoe’t it oars einigje koe. Wy wiene soms slap fan it laitsjen. En as it klear wie, stjoerde ik it nei broer Jan. Dy is myn Fryske gewisse.’’

In oantal ferhalen hat de ferhâlding tusken âlden en bern as tema. Sels hat se gjin bern, mar se hat yn har wurk gauris gebrûk makke fan de saneamde famyljeopstellingen fan Hellinger. ,,Fan dy famyljeopstellingen ha’k in soad leard oer hoe bepalend de patroanen út dyn bernejierren binne foar dyn fierdere libbenrin. Ast dy dêr net bewust fan bist, hast kâns datst dêr noait los fan komst en dat dy generaasjes lang trochjûn wurde. Dat is in moai útgongspunt foar fiksje. En dat ha ik brûkt yn ferskate ferhalen, lykas yn It geheim .’’

,,Wat my ek altyd wer ynspirearret is de dramatrijehoek. Hast rêders dy’t der ivich en altyd op út binne om goed te dwaan en oaren te helpen. De twadde hoeke is it slachtoffer dat holpen wurdt troch de rêder. As it slachtoffer him ris neat fan de goerie fan de rêder oanlûkt, wurdt dy wrokkich en foarmet er de tredde hoeke, dy fan de oanklager. Mar it slachtoffer kin ek oanklager wurde en sa ferwikselje se hieltyd fan posysje. Dizze dynamiek ha ik brûkt yn in ferhaal as Fakânsje . Sok minsklik gedrach is foar elke skriuwer in boarne fan ynspiraasje.’’

Fûgels yn ús

Skriuwer Catharina Lautenbach

Utjouwer Bornmeer

Priis 14,90 euro (128 siden)

Nieuws

Meest gelezen