Trochtinkers yn nije roman Quist fan Koos Tiemersma

Quist, de nije roman fan Koos Tiemersma (1952) fan Drachten, giet oer in learaar Dútsk dy’t stroffelet en dernei yn in oare wrâld bedarret. Quist is de njoggende roman fan Tiemersma, âld-skoalmaster en winner fan ûnder oaren de Gysbert Japicxpriis (2015 – Einum). Ynspiraasje te oer foar noch mear moais, seit er. Der bin noch doaren genôch dy’t hy iepenje kin.

Schrijver Koos Tiemersma.

Schrijver Koos Tiemersma. FOTO JILMER POSTMA

Lees meer over
Boeken

It idee foar Quist lei der al in skoftke. Koos Tiemersma (1952) fan Drachten hie alris wat skreaun, mar hie it wer opburgen. Embryo’s neamt er se, de oansetten ta in ferhaal. Dy kinne hiel lang, as in goeie wyn, yn it spesjale mapke dat er derfoar makke hat op ‘e kompjûter, lizze te rypjen. Oant Tiemersma tinkt: ,,Hee, dat ferhaal, dêr kin ik no wol wat mei.” En sa gong der oan de slach mei de learaar Dútsk Julius Quist.