Rely Jorritsmapriis foar Elmar Kuiper: 'By my sit de betsjutting faak net yn wat der sein wurdt, mar wat der ûnder leit'

Elmar Kuiper krige ferline wike in Rely Jorritsmapriis foar in ferhaal, mar hy hat ek in nije dichtbondel: Wite mûle, swarte molke. Swarte molke?

Elmar Kuiper.

Elmar Kuiper. FOTO NIELS WESTRA

Lees meer over
Boeken

,,D izze bondel is grimmitiger as myn foargeande wurk”, seit Elmar Kuiper (Snits, 1969). Dat sit him ek yn dy titel, Wite mûle, swarte molke . Swarte molke, wat sille wy no ha? ,,Dat kin jarre wêze, inket, it gif, de nacht, it tsjuster.”