Autodidakt Durk van der Ploeg (92) is al santich jier skriuwer en wit noch fan gjin ophâlden: 'Ik bin al mei wat nijs dwaande'

Monargen dy’t santich jier op ’e troan sitte binne seldsum, hast like seldsum binne skriuwers dy’t santich jier skriuwe. Begjin oktober ferskynt In fauna fan ingels, de nije roman fan Durk van der Ploeg. In moai momint om mei him werom te sjen op santich jier skriuwerskip.

Van der Ploeg publisearre syn earste ferhalen en gedichten yn literêr tydskrift De Tsjerne.

Van der Ploeg publisearre syn earste ferhalen en gedichten yn literêr tydskrift De Tsjerne. Foto: Hoge Noorden/Jacob van Essen

Lees meer over
Boeken

As der ien Fryske skriuwer is op wa’t de oantsjutting ‘autodidakt’ fan tapassing is, is it Durk van der Ploeg (1930). Nei de legere skoalle koe er as jonge fan 14 jier fuortendaliks oan ’e slach by printerij Schaafsma en Brouwer yn Dokkum. Troch de wike meidraaie yn ’e produksje, sneons nei skoalle.

Nieuws

menu