Eeltsje Hettinga krijgt zaterdag de Gysbert Japicxspriis voor zijn werk als Dichter fan Fryslân. Recensent Elmar Kuiper over de gedichten: 'Steven Spielberg is tichterby as David Lynch'

Eeltsje Hettinga kriget moarn de Gysbert Japicxspriis foar syn wurk as Dichter fan Fryslân. Poëzyresinsint Elmar Kuiper fergeliket dizze bekroande gedichten mei Hettinga’s eardere wurk. ,,Steven Spielberg is tichterby as David Lynch.”

Dichter fan Fryslan van Eeltsje Hettinga

Dichter fan Fryslan van Eeltsje Hettinga Foto: Jacob van Essen

Lees meer over
Boeken

Dichters besykje it hieltyd wer, it bestean út te djipjen, it mystearje te ûntfytmanjen. Om dysels te kennen moat it lûk fan ’e siele iepen. De dichter skriuwt: ‘beitel.’ Syn taal is ark. Hy freget him ôf: hoe kin ik wurden jaan oan it inerlike, it wêzentlike fan de minske? In oare dichter freget him ôf oft der wol in lûk is. Taal kommunisearret, resonearret, fibrearret. De enerzjy fan wurden kinst fiele, sels tusken de rigels troch. Dêr leit it lân braak; kin it iepen en wyld streame. Dêr knipe de ieren ticht fan ’e kjeld. In grut dichter krûpt ûnder de wurden en lit de mins neaken sjen. Hy kin it bestean fan in mier samar keppelje oan de kosmos.

Nieuws

Meest gelezen