Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten iepensteld

De priiswinners fan 2020 mei fan linksôf Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere.
Lees meer over
Boeken

In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kinne maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl . De ynstjoerder bliuwt geheim foar de sjuery, mar moat wol namme, adres en telefoannûmer yn de mail fermelde.

Nieuws

Meest gelezen